Tenach
Tenach | ||
Šemot (Exodus) 20:1-5. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | תַּנַ"ךְ ("Ṯěnaḵ") | |
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk en Arameesk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 10e – 2e iuw f.Kr. |
De Tenach, yn it Hebriuwsk: תַּנַ"ךְ, Ṯěnaḵ, is de joadske Bibel, besteande út wat de kristenen it Alde Testamint neame, sij it mei in radikaal oare yndieling en oardering fan 'e ûnderskate boeken. Om dat ferskil oan te jaan, wurdt der (troch kristenen) ek wol de oantsjutting "Hebriuwske Bibel" foar brûkt. De namme "Tenach" is in akronym fan 'e trije tradisjonele ûnderferdielings fan 'e joadske Bibel: de Torah ("Leare" of "Wet"), de Neḇi'im ("Profeten") en de Ḵeṯuḇim ("Geskriften"), dêrfandinne: TeNaCh (Om't yn it Hebriuwsk gjin lûden skreaun wurde, hawwe de 'e' en de 'a' hjir gjin betsjutting). De Tenach wurdt ek wol oantsjut as de Masoretyske Tekst of de Miqra ("Wat Lêzen Wurdt").
Yndieling fan de Tenach
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- de Torah (תּוֹרָה; "Leare" of "Wet")
- Ḇerešiṯ (בראשית; Genesis)
- Šemot (שמות; Exodus)
- Vayikra (ויקרא; Leviticus)
- Ḇamidḇar (במדבר; Numeri)
- Deḇarim (דברים; Deuteronomium)
- de Neḇi'im (נְבִיאִים; "Profeten")
- de Neḇi'im Rišonim (נביאים ראשונים; "Eardere Profeten")
- de Neḇi'im Aḥaronim (נביאים אחרונים; "Lettere Profeten")
- Yešayahu (ישעיהו; Jesaja)
- Yirmiyahu (ירמיהו; Jeremia)
- Yeḥezq'el (יחזקאל; Ezechiël)
- Ṯrei Asar (תרי עשר; De Tolve (lytse profeten), gearboske yn ien boek)
- Ḵeṯuḇim (כְּתוּבִים; Geskriften)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |