Hearen XVII
De Hearen XVII, ek wol Hearen Santjin, wie de namme foar it sintrale bestjoer fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy. De Hearen Santjin wie in wikseljend kolleezje, dat troch de bewâldfierders út harren midden keazen waard.
De FEK skaaimerke him troch in haadkantoar dat spriede wie oer seis regio-keamers, dy’t elts harren eigen bewâldfierders hienen. It kolleezje fan de Hearen Santjin waard keazen of beneamd fan de haaddielnimmers fan de ôfsûnderlike keamers út. Yn de keamers fan Amsterdam en Seelân wie hja haaddielnimmer at hja minimaal seistûzen gûne ynlein hie, foar de oare keamers wie de limyt trijetûzen gûne.
Fan de santjin leden fan de Hearen XVII moasten der 8 út Amsterdam wêze, 4 út Seelân, 1 út Delft, 1 út Rotterdam, 1 út Hoarn en 1 út Inkhuzen. De ferdieling wie basearre op it kapitaal dat troch de ferskate keamers ynbrocht wie by de oprjochting fan de FEK. It 17e lid waard om beurten opbrocht troch Seelân of ien fan de oare lytsere keamers. Sadwaande waard der foar soarge dat Amsterdam nea de absolute mearderheid krije koe.
De gearkomsten fan de Hearen XVII waarden earst twa kear yn it jier en letter trije kear yn it jier hâlden. Dizze gearkomsten hienen seis jier efterelkoar yn Amsterdam plak en dan twa jier yn Middelburch.