Springe nei ynhâld

Harstefeart

Ut Wikipedy

De Harstefeart is in feart yn de gemeente Tytsjerksteradiel. De feart rint besuden de wei Sumar - Eastermar east-west. It wetter komt út by de krusing Mienskerwei-Harstewei. De Harste wie in buorkip ûnder Sumar. Ek it kafee, de daamclub en de skuttersferiening yn Sumar hjitte sa.

De namme Harstefeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Harstevaart.