Springe nei ynhâld

Harriet Tubman

Ut Wikipedy
Harriet Tubman
persoanlike bysûnderheden
oare namme Araminta Ross
nasjonaliteit Amerikaansk
berne maart 1822
berteplak Dorchester County, Maryland,
stoarn 10 maart 1913
stjerplak Auburn, New York
wurkpaad
aktyf as abolisjonist, striidster foar frouljuskiesrjocht

Harriet Tubman (berne as Araminta "Minty" Ross yn maart 1822 – ferstoarn 10 maart 1913 yn Auburn, New York) wie in Amerikaanske abolisjonist en sosjale aktivist. Hja waard berne as slaaf, mar ûntsnapte en ûndernaam fanút de frijheid dêrnei trettjin missy's om likernôch 70 minsken út de slavernij te rêden, wêrûnder har famylje en freonen. Dêrby makke hja gebrûk fan in netwurk fan antyslavernij aktivisten (faak Quakers) mei safe houses, dat ek as de Underground Railroad (it Undergrûnske Spoar) bekend stie. Yn 'e tiid fan 'e Amerikaanske Boargerkriich tsjinne hja as spion en ferkenner yn it Leger fan de Uny. Yn har lettere libben wie hja in aktivist foar it frouljuskiesrjocht yn 'e Feriene Steaten. Fan har wurdt sein dat hja by har missy's nea ien persoan kwyt rekke.

Oankundiging foar it útloven foar in beleaning fan USD 300 foar it werombringen fan Minty.

Araminta "Minty" Ross waard yn Dorchester County, Maryland berne as dochter fan 'e plantaazjeslaven Harriet ("Rit") Green en Ben Ross. As bern waard hja al mei de swipe slein en as famke krige hja in traumatyske wûne oan har holle, doe't in opsichter in swier metalen gewicht nei in oare slaaf smiet, mar by fersin it famke rekke. Fan dy ferwûning bleau hja har libben lang lêst fan pine, dwilens en perioades fan hypersomny hâlden. Hja krige nei de ferwûning boppedat lêst fan frjemde fisioenen en libbensechte dreamen, dy't hja sels as oanwizings fan God útlei. Tegearre mei har metodistyske opfieding makken dy ûnderfinings fan Tubman in tige fromme frou mei in fêst fertrouwen op God.

Yn 1844 troude se mei John Tubman, in frije swarte man. Der is net in soad bekend oer him en harren tiid tegearre. It wie wol in komplisearre houlik; de status fan 'e mem skreau foar dat alle bern fan Harriet en John ek as slaven berne waarden. Sokke mingde houliken wiene net ûngewoan oan 'e eastkust fan Maryland, dêr't yn dy tiid likernôch de helte fan 'e swarte befolking frij wie. Hast alle Afro-Amerikaanske famyljes bestiene út sawol slaven as frije minsken. Al rillegau nei har houlik feroare Araminta har namme troch de foarnamme fan har mem Harriet oan te nimmen.

Yn 1849 woe har doetiidske eigner Edward Brodess Harriet ferkeapje, mar Tubman waard siik sadat se foar slavehannelers minder wearde hie. It slagge him mar net in keaper te finen. Tubman sei letter dat se alle dagen bidde dat God him fan gedachten feroarje soe, mar Brodess brocht hieltiten wer aspirant-keapers om har te besjen. Doe't it der op like dat de saak lang om let beklonken wurde koe, feroare Tubman har gebed: "O Heare, as Jo syn hert net feroarje kinne, deazje him dan Heare, en helje him hjir wei". In wike letter ferstoar Brodess en Tubman sei dat se spyt hie fan dy gefoelens.

Op 17 septimber 1849 besocht Tubman mei har bruorren Ben en Henry út te naaien. Hja wie doe troch de widdo fan Edward Brodess, Eliza Brodess, ferhierd oan 'e soan fan 'e heit fan har eardere eigener Anthony Thompson, dy't in grutte plantaazje yn it oanbuorjende Caroline County hie. It hat der alles fan dat har beide bruorren ek by Thompson yn 't wurk sieten. Om't hja net op de eigen plantaazje wiene, merkte Eliza Brodess der in skoft neat fan. Twa wike letter liet se yn 'e krante Cambridge Democrat in advertinsje sette mei de beleaning fan USD 100 foar it werom bringen fan har slaven. Om 't har bruorren spyt hiene fan 'e flecht, mooglik om 't Ben syn frou en bern efterliet, gyngen hja werom en sa waard ek Harriet twongen om werom te gean.

Ien of twa moanne letter besocht hja wer út te piken, no sûnder har bruorren. Foardat se útnaaide song se in ôfskiedsliet, wêrmei't hja hope dat in betroubere slavinne begripe soe wat se fan doel wie. Sa song hja de wurden "ik sil op reis nei it ûnthjitten lân". De rûte fan Tubman is net bekend, mar hja makke gebrûk fan in netwurk dat bekend stiet as de Underground Railroad. Dat ynformele systeem bestie út frije swarten en slaven, blanke abolisjonisten en oare aktivisten. De belangrykste fertsjintwurdigers fan 'e lêste groepen yn Maryland wiene doe de Quakers. De omkriten fan Preston wie in Quaker-bolwurk en nei alle gedachten hie hja Tubman dêr har earste stop. Fan dêrwei folge se it paad dy't oare flechtsjende slaven ek brûkten: noardeastlik by de Choptank-rivier lân, troch Delaware en dêrnei nei it noarden nei Pennsylvania. Tubman moast nachts reizgje en waard laat troch de Poalstjer om sa út de hannen fan slavevangers te bliuwen, dy't graach jild opstrutsen foar it werombringen fan slaven.

Nei't hja yn Philadelphia oankommen wie tocht Tubman oan har famylje. "Ik wie in frjemde yn in frjemd lân" sei hja letter. Us heit, ús mem, myn bruorren en susters en freonen wiene yn Maryland, mar ik wie frij en hja soene ek frij wêze moatte.

Fugitive Slave Act

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wylst Tubman jild sparre troch te wurkjen yn Philadelphia en Cape May, New Jersey, karde it Amerikaanske Kongres yn 1850 de Fugitive Slave Act fan 1850 goed. Sels de steaten dêr in ferbod op slavernij wie waarden no twongen om te helpen by it oppakken fan ûntsnapte slaven. Op it helpen fan útnaaide slaven stiene swiere straffen. Om't de Fugitive Slave Law fan it noarden fan 'e Feriene Steaten no ek in nuodlik plak makke foar minsken dy't oan 'e slavernij ûntsnapten, begûnen in soad ûntsnapten nei Súd-Ontario yn Kanada te ferhûzjen.

Har earste missy's

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Kaart mei de belangrykste lokaasjes út Tubman's libben.

Yn desimber 1850 krige Tubman it berjocht dat har muoikesizzer Kessiah en har bern yn Cambridge (Maryland) meikoarten ferkocht wurde soene. Tubman gong nei Baltimore, Maryland, dêr't hja oant de ferkeap har by har sweager Tom Tubman skûl hold. Kessiah's man John Bowley, in frije swarte man, die it winnende bod op syn frou. Wylst de feilingmaster te iten gie, wisten John, syn frou mei de bern nei in safehouse yn 'e buert te ûntsnappen. Doe't de nacht foel gyngen se yn in beamstamkano 97 km fierder nei Baltimore, dêr't Tubman har opwachte om se fierder nei Philadelphia te bringen.

Om se út de klauwen fan 'e slavehâlders te hâlden moast Tubman de slaven oer in folle langer trajekt nei Kanada helpe. Hja holp de befrije minsken net allinne yn feiligens te kommen, mar socht ek om wurk foar har.

Slavepatrûlje.

Oan it begjin fan 1851 gie hja wer nei Maryland om oare famyljeleden op te heljen. Hja fûn doe ek har jongste broer Moses, tegearre mei twa oare manlju. By eltse reis krige Tubman mear fertrouwen yn harsels. Oan 'e ein fan 1851 gie Tubman foar it earst sûnt har ûntsnapping nei Dorchester County werom om har man John op te heljen, mar hja ûntduts dat hy yntusken op 'e nij troud wie mei in oare frou. Tubman besocht him noch oer te heljen mei te gean, mar hy wegere. Ynstee fan John fûn se oare slaven dy't hja nei Philadelphia holp.

Foar Tubman spyle it leauwe in grutte rol by it helpen fan slaven yn Maryland. Neffens har oerlei hja mei God en se betroude der op dat God har yn feilichheid brocht. Se brûkte de spirituals om geheime boadskippen troch te jaan, om reizgers foar gefaar te warskôgjen of om in paad oan te jaan. Sa song hja ferzjes fan Go Down Moses mei in oare tekst om oan te jaan dat it feilich wie, of, krektoarsom, te gefaarlik om fierder te gean. Wylst hja in flechtling oer de grins holpen hie, rôp hja "Gloarje oan God en Jezus. Wer in siel feilich!"

Om har tsjin slavefangers en harren hûnen te beskermjen droech hja altiten in revolver by har. Se drige ek elke flechte slaaf del te sjitten dy't werom woe, om't soks de groep en elkenien dy't ûnderweis by de flecht holp yn gefaar bringe soe. Op in man Tubman dy't werom woe nei de plantaazje rjochte se har revolver ûnder de wurden "Trochgean of stjerre". In pear dagen letter stiek de man mei de rest fan 'e groep de grins fan Kanada oer.

Tsjin 'e ein fan 'e jierren 1950 waarden oan 'e eastlike kust grutte gearkomsten organisearre oer it grutte tal ûntsnappingen yn it gebiet. De slavehâlders fertochten frije swarten en blanke abolisjonisten, mar wisten net dat de lytse, wat beheinde Minty, sa't Harriet Tubman noch jimmeroan bekend stie, ferantwurdlik wie foar it befrijdzjen fan sa'n soad slaven.

Tubman waard nea pakt en de flechtlingen dy't hja holp kamen altiten feilich oan. Jierren letter sei hja ris tsjin 'e minsken: "Ik wie acht jier lang kondukteur by de Underground Railroad, en ik kin sizze wat de measte kondukteurs my net neisizze: ik ha de trein altiten op it spoar holden en ha nea in passazjier stean litten.

John Brown.

Yn april 1858 moete Tubman de abolisjonist John Brown, in opstanneling dy't mei geweld in ein meitsje woe oan 'e slavernij yn 'e Feriene Steaten. Tegearre mei Brown holp hja by it plannen en sykjen nei mannen foar syn yn 1859 útfierde oanfal op Harpers Ferry om in slaveopstân yn 'e súdlike steaten út te lokken troch it Amerikaanske arsenaal in Harpers Ferry, Virginia (sûnt 1863 West Virginia) oer te nimmen.

Begjin oktober 1859 wie Brown dwaande mei it tarieden fan 'e oanfal, mar Tubman waard siik. It is net bekend oft hja noch altiten fan doel wie om mei te dwaan oan 'e oanfal op Harpers Ferry of dat hja it dochs net mear sa sitten seach, mar doe't it safier wie en Harpers Ferry op 16 oktober oanfallen waard, wie Tubman better en wie hja yn New York City.

De oanfal op Harpers Ferry mislearre en Brown waard fan ferrie, besykjen ta moard en rebelly beskuldige en se hongen him op 2 desimber op. Abolisjonisten beskôgen de oanfal as in symboal fan grutsk ferset en útfierd troch in eale martler. Tubman sels wie út de skroeven en se sei letter: "Hy hat mear dien troch te stjerren as 100 manlju dwaan soene troch te libjen". Dat barren wurdt wol de prelude fan 'e Amerikaanske Boargerkriich neamd.

Harriet Tubman (lofts) yn 1887 mei famylje en freonen foar har pleats.

Begjin 1859 kocht Tubman foar $ 1.200 fan 'e frou fan 'e abolisjonistyske Republikeinske Amerikaanske senator William H. Seward in pleats mei 2,8 ha grûn yn Fleming, New York. De oangrinzgende stêd Auburn wie in broeinêst fan antyslavernij-aktivisme en Tubman makke fan 'e gelegenheid gebrûk om har âlders fan Kanada werom nei de Feriene Steaten te ferhûzen. Har pleats waard in taflechtsoarde foar de famylje en freonen fan Tubman. Jierrenlang naam se famyljeleden en kostgongers yn 'e hûs en bea hja swarte Amerikanen in feilich plak, dy't sochten nei in better libben yn it noarden.

De lêste missy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Harriet Tubman yn 1868/1869.

Yn novimber 1860 fierde Tubman har lêste missy út. Sûnt de jierren 1850 wie hja der net yn slagge om har suster Rachel en har twa bern Ben en Angerine te befrijdzjen. Doe't hja yn Dorchester County oankaam, ûntduts hja dat Rachel al ferstoarn wie en dat de bern allinne befrijd wurde koene troch $ 30 smarjild te beteljen. Dat jild hie hja net dus de bern bleaune yn slavernij. Wat fan har telâne kommen is, bliuwt ûnbekend. Tubman wie net ien dy't in reis om 'e nocht makke en sammele dêrom in oare groep minsken byinoar, dy't it risiko wol oandoarde om nei it noarden te flechtsjen. It koste harren wiken om feilich fuort te kommen om 't de slavefangers de groep lang twong him skûl te hâlden. It wie kâld en se hiene net in soad iten. Wylst slavepatrouilles foarby rieden, moast it jongste bern mei opium stilholden wurde. De groep kaam lang om let op 28 desimber 1860 feilich oan yn Auburn.

Doe't de Amerikaanske Boargerkriich útbruts, wurke Tubman foar de Union Army, earst as kok en ferpleechster, letter as wapene ferkenner en spion. Tubman hie in fizioen dat de boargerkriich gau in ein meitsje soe oan 'e slavernij. Slaven by posysjes fan 'e Union begûnen yn grutte oantallen te ûnsnappen. Generaal Benjamin Butler ferklearre dy slaven ynearsten as "eigendom, dy't yn beslach nommen waarden troch de noardlike troepen" en sette se ynearsten oan it wurk yn Fort Monroe yn Virginia. De oantallen namen flink ta en yn jannewaris bea Tubman har frijwillich oan om de saak fan 'e Union te stypjen en de flechtlingen te helpen, fral yn Port Royal, South Carolina.

Oanfallen op 'e plantaazjes oan 'e Combahee-rivier.

Doe't Abraham Lincoln de Emancipation Proclamation proklamearre, fûn Tubman dat in goede mar net in komplete stap nei de befrijing fan alle swarten. Hja krewearre dêrom foar mear direkte aksjes om de Konferderaasje te ferslaan. Troch de ynljochtingen dy't hja garre, spile hja in kaairol by de oanfal op Combahee Ferry. Hja late trije boaten mei swarte soldaten ûnder it kommando fan Montgomery by de minen yn 'e Combahee-rivier lâns om ferskillende plantaazjes oan te fallen. As de troepen lannen, stieken se de plantaazjes yn 'e brân en ferneatigen se de ynfrastruktuer. Foar tûzenen dollars namen hja oan iten en foarrieden yn beslach. Fantefoarren waarden slaven troch Tubman's spionaazjenetwurk warskôge. Sadree't de slaven yn it gebiet de fluiten fan 'e steamboaten hearden wisten hja dat de tiid fan befrijing oanbrutsen wie en se stoarmden dan massaal op 'e boaten ôf. Wapene opsichters besochten de massale ûntsnapping te kearen, mar harren ynspanningen hellen neat út en doe't troepen fan 'e Konfederaasje oankamen, farden de steamboaten al fuort mei mear as 750 befrijde slaven. Oant de Konferaasje it yn april 1865 opjoech bleau Tubman de Union helpen en de flechtlingen fersoargjen.

Fanwegen har rol by de oanfal op Combahee Ferry wurdt se hjoed-de-dei as de earste frou beskôge, dy't in wapene, militêre ienheid yn 'e Feriene Steaten late.

Harriet Tubman yn it lêst fan har libben.

Nei de oarloch joech hja har del yn har famyljehûs dat se yn 1859 yn Auburg, New York, kocht hie om foar har âlders te soargjen. Se bleau aktyf as striidster foar frouljuskiesrjocht oant se siik waard.

Har lêste stikje libben wenne se yn in hûs foar âlde Afro-Amerikanen, dat se jierren earder sels meiholpen hie te stiftsjen. Se ferstoar tusken freonen en famylje op 10 maart 1913 oan in longûntstekking. Krekt foar har lêste sike spriek se foar de minsken om har hinne de wurden út it evangeelje fan Jehannes: "ik gean om in plak foar jimme ta te rieden". Hja waard begroeven op it Fort Hill Cemetery in Auburn. Tubman jildt hjoed-de-dei as in ikoan foar frijheid en moed.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Harriet Tubman