Harold Verwoert

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Harold Verwoert
Ic queue music 48px.svg sjonger en/of muzikant
HaroldVerwoert.jpg
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 15 jannewaris 1968
berteplak Ljouwert
wurkpaad
sjongtaal Nederlânsk
jierren aktyf 2001 - no
offisjele webside
Offisjele website

Hendrik Tjalling (Harold) Verwoert (Ljouwert, 15 jannewaris 1968) is in Nederlânske akteur en popmuzikant.

Nei de havo gie hy twa jier nei it Konservatoarium yn Grins; dêrnei folge hy in oplieding oan de Akademy foar Lichte Muzyk fan Conamus.

Fjouwer kear die er mei oan it Nationaal Songfestival en jierenlang wie hy de leading-man fan de teatergroep 'Jeans!'. Hy spile mei yn de show '3,4,5,6,7 en 8'. Ek produsearret er platen, docht stimmen by neisyngroanisaasje fan tekenfilms. Yn de commercials die er radiospotsjes foar McDonald's en makke reklame foar de Euroknallers. Sûnt maart 2010 is Verwoert te sjen as presintator fan Sterren.nl,tegearre mei Kees Tol.

Komponist/Tekstdichter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Harold Verwoert is neist sjonger, presintator en akteur ek komponist/tekstdichter. Foar syn alter-ego Coole Piet Diego skriuwt hy nûmers mar ek foar ûnder oare Sjon & Sjeffrie en yn 2009 foar it nasjonale sjongfestival komponearre hy in ferzje fan it nûmer "Sjalalie sjalala" fan Pierre Kartner en ek foar "De Mosselman" in ferzje fan dit nûmer. Yn 2010 hat hy it simmerske nûmer "Koning van het strand" útbrocht.

Sinterklaas[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 2001 oant en mei 2007 wie Harold om sinteklaastiid hinne as Coole Piet yn de rige De Club van Sinterklaas op de stjoerder Jetix te sjen. Sûnt de twadde rige (novimber 2001), De Nieuwe Club van Sinterklaas, song hy ek de titelsongs fan de rige. Tegearre mei Profpiet, Testpiet, Muziekpiet, Hoge Hoogte Piet en Hulppiet wie hy yn dizze rige te sjen en te hearen.

Coole Piet skoarde yn desimber 2005 in nûmer 1-hit yn de Single Top 100 mei De Streken van Tante Toets. Yn 2006 sskioarde hy syn twadde nûmer 1-hit mei Paniek in de Confettifabriek.

Sinterklaashits fan Coole Piet[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De Nieuwe Club van Sinterklaas (2001)
  • Spring Op en Neer (2001)
  • Dit Ga Je Toch Niet Menen (2002)
  • Blafpoeder (2003)
  • De Brieven van Jacob (2004, (Platina)
  • De Streken van Tante Toets (2005)
  • Paniek in de Confettifabriek (2006)
  • De Speelgoeddief (2007)
  • Het Geheim (2008)
  • Ik Kan Niet Wachten (2008) Duet mei Gerard Joling
  • Waar is toch de pakjesboot (2009)
  • Verliefd (2009) duet mei Patricia Paay
  • De verdwenen pakjes (2009) met Sjon & Sjeffrie
  • Ooh oh heejoo (2009)
  • Het Pakjesmysterie (2010)
  • Oh wat een feest (2010) mei Sophie Veldhuizen en Aimée de Pater en Roan Pronk - (Jane en Michael Banks út Mary Poppins)
  • Vlieg maar met ons mee (2010) mei Frans Bauer en Gebroeders Ko
  • "Boom Boom" (2011) mei STARZ

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums
  • De liedjes van de Club van Sinterklaas
  • De liedjes van de Club van Sinterklaas
  • De liedjes van de Club van Sinterklaas - 2007
  • Sinterklaas en het geheim van het grote boek
  • Diego's Coolste Hits
  • Diego's Coolste Hits

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: