Springe nei ynhâld

Harmen van Bol'es

Ut Wikipedy
Harmen van Bol'es
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1689
berteplak Amsterdam
stoarn 1764
stjerplak Sint-Petersburch
wurkpaad
berop/amt Arsjitekt
reden
  bekendheid
Keizerlik boumaster yn Ruslân

Harmen van Bol'es (Russysk: Харман ван Болос) (Amsterdam, doopt 28 july 1689 - Sint-Petersburch, 1764) wie keizerlik boumaster yn it Keizerryk Ruslân.

Harmen wie de soan fan de rûnreizgjende mûnemakker Cornelis Harmensz fan Bol'es (1658-1735), út it Krimpenske geslacht fan timmerlju Van Bol'es, en dy syn frou Annetje Barents Kock (1655-1699). Pake Harmen Cornelisz fan Bol'es fêstige him as timmerman yn it doarpke Bolnes, dêrfandinne de geslachtsnamme. Doe 't Cornelis yn 1690 de oanstelling fan Stedstimmerman yn Schiedam krige, ferhuze it gesin mei nei dy stêd. Yn syn jonkheid sil Harmen yn de lear west hawwe by syn heit, ûnderwilens stedsarsjitekt, mar hy folge dy net op yn syn funksje; yn 1724 soe syn jongere broer Arij van Bol'es stedsarsjitekt wurde. Dy funksje soe noch oant 1827 troch syn ôfstammelingen ferfolle wurde.

Harmen van Bol'es tekene op 26 april 1713 yn De Haach in kontrakt wêrby't er yn tsjinst kaam fan tsaar Peter de Grutte fan Ruslân. Dy hie oan de mûning fan de rivier de Neva yn 1703 Sint-Petersburch stichte. Dy nije haadstêd moast Ruslân syn moderne finster op it westen wurde, mar wie yn 1713 noch net folle mear as in modderpoel. Dêrom naam er foar ûntwerp en útfiering in soad kundige westerlingen oan, dêr't de nedige ynwenners fan de troch Peter de Grutte bewûndere Republyk fan de Feriene Nederlannen by wiene. It eigentlike hurde en gefaarlike wurk waard benammen útfierd troch Russyske twangarbeiders.

Van Bol'es waard mei troch de freonskip en patronaazje fan syn âldere Switserske kollega Domenico Trezzini rillegau in sukses yn Sint-Petersburch. Neist meubels (wat ta it fêste repertoire fan syn foarâlden as doarpstimmerlju hearde) foar de keizerlike paleizen ûntwurp en fierde er in grut tal bouwurken yn 'e stêd út, ûnder oare typysk Nederlânske spesjaliteiten as ophelbrêgen, slûzen, wynmûnen en grêften. De Simmertunen kreazge er op mei fonteinen, dy 't fuorre waarden troch in yngewikkeld netwurk fan ûndergrûnske wettertanks. Mar likegoed wie er belutsen by grutte fêstingwurken om Sint-Petersburch hinne.

It bekendst yn it hjoeddeistige Sint-Petersburch is er lykwols fanwegen syn grutte spesjaliteit: toerspitsen. Under mear de spitsen fan de katedraal binnen de Petrus- en Paulusfesting, de Simeon en Annatsjerke en de Konjoesjennyj Dvor binne fan syn hân. Op Van Bol'es slanke spits fan de Admiraliteit oan de Nevski Prospekt pronket in troch him ûntwurpen wynwizer yn de foarm fan in skipke. Dat skipke jildt as in wichtich symboal fan Sint Petersburch. Neffens de oerlevering stelt it skipke it earste Russyske oarlochsskip De Adelaar foar.

Harmen van Bol'es troude twa kear en waard yn Sint-Petersburch heit fan op syn minst tolve bern. De âldste soan Cornelis, út it earste houlik mei Elijsabeth Geldorp, gie werom nei Schiedam. De twadde soan Anthony waard neamd as lakei (sûnder mis yn in boukundige funksje) oan it keizerlik hof yn Moskou. Hy ferstoar dêr yn 1746. Harmen waard yn ien stik út 1750 neamd as haare keijserlijke Majesteijts Bouw-meester tot St. Petersburgh. De âldste soan út it twadde houlik mei Catharina Potter, Cornelis (de jonge; de nije skoanheit hiet ek Cornelis) skynt Harmen nei syn dea yn 1764 yn dy funksje opfolge te wêzen. Cornelis de jonge fan Bol'es ferstoar yn 1771 te Sint Petersburch oan eene Teeringe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • L. van der Hammen, 'Het Schiedamse geslacht Van Bol'es', yn: De Nederlandsche Leeuw 108 (1991), k. 128-129.
  • Boris Makarov. Harman van Bolios - de verpersoonlijking van een Nederlandse droom. Ut: Noord- en Zuid Nederlanders 1703-2003. INOS, Grins, 2004.
  • Undersyk fan K.A. Reuvers.
  • Gemeente-argyf Schiedam.
  • Nasjonaal Argyf.