Springe nei ynhâld

Harm Visser

Ut Wikipedy
Harm Visser
Reedrider
persoanlike bysûnderheden
echte namme Harm Visser
bertedatum oktober 2000
berteplak De Westereen
sportive ynformaasje
ûnderdiel Langebaan, massastart

</noinclude> Harm Visser (De Westereen, oktober 2000) is in reedrider en fysioterapeut út De Westereen.

Harm Visser stie al jong op skeelers. Op syn achtste of njoggende begûn er al te riden op de iisbaan yn Ljouwert. Nei de basisskoalle gie er nei Grins by Ice-skate en kombinearre dêr seis jier lang skoalle en sport. Yn it seizoen 2016-2017 ried hy yn de C-Divyzje fan de Noard-East kompetysje. Yn syn lêste jier waard fan de C-Divyzje waard er twadde yn it algemien klassemint. Yn it seizoen 2018 begûn er by de Beloften yn de ploech fan Bouwpartners om de Maratoncup. Twa seizoenen letter stapte hy oer nei de Topdivyzje by de ploech fan Jumbo Visma. Hy ried dêr mei manlju as Eric-Jan Kooiman en Mats Stoltenborg. Yn it koroanajier 2020 moast hy tige wenne oan de maratonriden en it tempo dat dêr by hearde.

Nei in tuskenjier wûn Visser yn it seizoen 2020-2021 it jongereinklassemint om de Maratoncup en waard hy twadde yn it einklassemint. Nei it fuortgean by Jumbo fan kopman Bart Hoolwerf nei team Reggeborgh waard syn rol yn it team belangriker. In hichtepunt foar Visser wie de winst yn de seisde race yn Tilburg ein novimber 2021. It wie dat jier net allinnich syn earste oerwinning, mar ek de earste fan Jumbo-Visma.[1]

It seizoen 2022/2023 brocht him winst yn trije maratoncups en wûn hy ek it einklassemint. Op natoeriis wie der winst yn it Sweedske Luleå (Zweden) en waard hy tredde by de Alternative Alvestêdetocht op de Weissensee yn Eastenryk. Yn 2023 fersloech er by de iepeningswedstryd yn Grins Bart Hoolwerf en Bart Swings, de olympysk kampioen op de massastart. It wie it begjin fan syn trochbrek. Dat kalinderjier wie der winst op 6 fan de 9 maratonwedstriden en wiene de trije twadde plakken. Ien fan syn ploechgenoaten by Jumbo-Visma wie dat seizoen Jorrit Bergsma, syn trener wie Peter de Vries.
Op it WK kwalifikaasjetoernoai op 30 desimber 2023 yn Thialf waard hy Nederlânsk Kampioen op de Massastart. Hy kwalifisearre him dêrmei foar it WK Ofstannen 2024.[2]

Op it NK Maratonriden op nijjiersdei 2024 gie Visser as topfavoryt fan start, mar troch in fal yn de foarlêste bocht wie hy kânsleas foar de titel.[3]

Persoanlike rekôrs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 500 meter - 37,44 (05-01-2020, Inzell)
  • 1000 meter - 1.13,22 (03-03-2018, It Hearrenfean)
  • 1500 meter - 1.51,30 (26-12-2020, It Hearrenfean)
  • 3000 meter - 3.55,68 (18-01-2020, It Hearrenfean)
  • 5000 meter - 6.27,87 (23-09-2023, It Hearrenfean)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Referinsjes
  1. De hoogtepunten moeten nog komen voor Harm Visser, De Westereender, 24 desimber 2023
  2. Harm Visser pakt Nederlandse titel op de massastart, RTVNOF.nl, 30 desimber 2023
  3. Geen titel, maar kater voor Harm Visser op NK marathonschaatsen: topfavoriet valt in voorlaatste bocht, LC 1 jannewaris 2024