Haritsjavank
Haritsjavank Հառիճավանք | ||
Lokaasje | ||
lân | Armeenje | |
provinsje | Sjirak | |
plak | Haritsj | |
koördinaten | 40°36'N 43°59'E | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | 7e iuw-13e iuw; 19e iuw | |
Kaart | ||
Haritsjavank (Armeensk: Հառիճավանք) is in Armeensk kleaster út de 7e iuw. It kleaster stiet by it doarp Haritsj (Հառիճ) yn 'e provinsje Sjirak fan de Republyk Armeenje. It doarp leit 3 kilometer súdeast fan 'e stêd Artik.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Haritsjavank is ien fan 'e grutste en bêst bewarre kleasters fan Armeenje. Alhoewol't it jier fan oprjochting ûnbekend is, foel de stifting mooglik gear mei de bou fan 'e earste tsjerke yn 'e 7e iuw. Oan 'e ein fan 'e 12e iuw waard in nije tsjerke boud en krige it kompleks ferdigeningsmuorren en in tal nije tsjinstromtes.
De privileezjes fan 'e foarsten droegen by oan 'e ûntwikkeling fan it kleaster as in kultureel en fernijend sintrum fan it midsiuwske Armeenje. Oan 'e ein fan 'e 12e en begjin fan 'e 13e iuw waarden der twa monumintale narteksen boud fan grutte stiennen, guon mei in ôfmjitting fan 3,5 meter.
Yn 'e iuwen dêrnei fûnen der meardere rekonstruksjes plak en waarden der kapellen en oare gebouwen byboud. Foaral yn 'e twadde helte fan 'e 19e iuw ûndergyng it kleaster in grutte ferbouwing, doe't it yn 1850 de simmerresidinsje waard fan 'e katolikos fan Edzjmiatsin. Der fûn in noardlike útwreiding plak, dy't ek in muorre mei tuorren krige. Nije gebouwen waarden tafoege, lykas kantoaren, in refter mei in keuken en in bakkerij, in skoalle en ferbliuwen foar muontsen, in herberch, winkels en skuorren foar it fee. Ek krige it kleaster in plantekas. It kleaster hat oars as wênst gjin tsjerkhôf.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It âldste gebou fan it kleasterkompleks is de 7e-iuwske Gregoariustsjerke (Soerb Grigor), dy't boud is ûnder de arsjitekturale ynfloed fan 'e Jehannes de Dopertsjerke fan Mastara. De Gregoariustsjerke is in sintraalbou mei oan eltse side in like grutte apsis dy't fan binnen healrûn en fan bûten fiifhoekich is. Tsjin 'e ein fan 'e 12de iuw waard súd fan 'e Gregoariustsjerke in gavit (in soarte fan narteks) tafoege, tsjintwurdich in ruïne. Noardlik waard in noch besteande yn 1224 gavit oanboud. De haadtsjerke is de Mem Gods-tsjerke (Soerb Astvatsatsin), dy't yn 1201 boud waard.
Súd fan 'e Gergoariustsjerke leit de ruïne fan in oare, 7e-iuwske narteks.
Súdwest fan it kleaster stiet op in steile rots in kapel. In ierdskodding hat de rots losskuord, sadat it gebou tsjintwurdich net sûnder klimtechnyk tagongklik is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|