Hans Willem van Aylva baron fan Pallandt van Waardeburch en Neerijnen
Hans Willem van Aylva baron fan Pallandt fan Waardenburch en Neerijnen (De Haach, 20 maaie 1804 - dêre, 20 april 1881) wie in Nederlânsk politikus.
Hy waard troch in rike erfenis in tige begoedige Gelderske ealman, dy't yn de Earste Keamer ta de getrouwen fan de kening hearde. Yn 1840 waard hy lid fan de Dûbele Keamer dy't de Grûnwetswersjenning behandele. Hy wie foar 1848 noch reedlik liberaal, mar letter tige konservatyf. Hy wie koarte tiid lid fan de Ried fan Steat en yn 1848 waard hy beneamd as Earste Kamerlid. Hy wie de soan fan minister F.W.F.Th. fan Pallandt fan Keppel. Hy wenne op kastiel Neerijnen en hie dêrnjonken de bûtenpleats Klein Vaartzicht yn Aldwâld.
Van 18 maaie 1826 oant 20 april 1881 wie hy keamerhear fan de keningen Willem I, II en III.