Hanna Beekhuis

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Hanna Beekhuis

Hanna Beekhuis (Ljouwert, 24 septimber 1889Bloemendaal, 2 febrewaris 1980) wie in Nederlânsk komponiste en pianiste.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Se waard berne as dochter fan advokaat en prokureur mr. Cornelis Beekhuis en Johanna Catharina van Giffen. Pake Christiaan Houdijn Beekhuis wie ficepresidint fan it gerjochtshôf yn Ljouwert; har beppe wie Geesje Feddes skriuwster fan de brosjuere Gelijk recht voor allen! oer de de ûngelikense posysje fan troude froulju. Suster Geesje Houdijn Beekhuis wie keunstneres. Herman Bieling hat har yn in portret fêstlein (Nei Hanna Beekhuis). Yn de Twadde Wrâldoarloch wenne se yn Switserlân, se wie dêr doe't de oarloch útbriek. De lêste jierren brocht se troch yn in tehûs foar âlde minsken yn Bloemendaal. Se waard kremearre op Driehuis-Westerveld.

Beekhuis studearre by Peter van Anrooy, Dirk Schäfer, Frits Schuurman en ek yn it bûtenlân by Otto Barblan (Genêve) en oan it konservatoarium fan Keulen. Sy die eineksamen piano. Dêrnei foarme sy in trio mei To van der Sluys (sang) en Johan Feltkamp (fluit) en trede sy ferskate kearen op mei Nederlânske orkesten yn konserten fan Mozart, dy't har favorite komponist wie.

Yn har komposysjes gie sy faak út fan in tekst, in byld of stimming. It wurk fan Strawinsky, Debussy en Ravel wienen ynspiraasjeboarnen foar har.
Se wie ien fan de oprjochters fan "Kunst in intiemen kring", in stimulâns foar útfieringen fan nije (Nederlânske) muzyk.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In kar:

  • Fjouwer Fryske lieten op tekst fan Halbertsma, útfierd yn 1914 by in gearkomst fan de Nationale Vrouwenraad.
  • Catalonia suite
  • Djaa el Fnaa suite
  • O et O et Gloria
  • Wurk foar piano
  • Keamermuzyk (Rondo Capriccio foar fluit en piano, Sonatine foar fagot en piano, blaaskwintet)
  • Lieten (ek foar koar, mei orkest)
  • Deklamatoarium: De Zeven boeren
  • Cupidootje foar mezzosopraan en piano op tekst fan Adama van Scheltema (1951)

Underskiedings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1951 waard har Cupidootje bekroand en yn 1961 krige sy in gouden medalje en in earediploma yn Buenos Aires foar Reflets du Japon.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Beekhuis, Hanna.

Oer Beekhuis