Haniastate (Weidum)
Appearance
De Haniastate stie yn Weidum, earder de gemeente Baarderadiel, no Littenseradiel. De State grinze oan de Dekemastate en lei der fuort ten suden fan, tusken de hjoeddeiske huzen Hegedyk 1 en 3. Op dit stee stiet no in pleats.
De state waard om 1200 boud. Doe wenne hjir Viglius (Wigle) Hania, dy't yn 1199 de tsjerke fan Weidum boude mei help fan de konversen fan it kleaster Lúntsjerk.
Om 1400 wenne dêr Gaele Hania, de sibbe freon fan Sytse Dekema.
Nei 1640 waard de state meastal ferhierd. Yn 1977 waard de pleats dy't no op it stee stiet bewenne troch in family Holtrop.
- Bewenners
- ± 1200 Viglius Hania
- ± 1400 Gaele Hania
- om 1977 fam. Holtrop
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |