Hamilkar Barka

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Hamilkar Barka of Barkas (Punysk: 𐤇𐤌𐤋𐤒𐤓𐤕𐤟𐤁𐤓𐤒, Ḥomilqart Baraq; om 275 hinne – 229 f.Kr. (Hispanje)) wie in wichtige Kartaachske steatsman en generaal. Hy waard ferneamd om syn soan Hannibal dy't yn de Twadde Punyske Oarloch de Romeinske Republyk hast op de knibbels krige.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Barkiden.

De namme Hamilkar is de latinisearre foarm (Hamilcar) fan it Grykske Hamílkas (Ἁμίλκας), dat wer in hellenisearre foarm fan de Punyske namme HMLK (𐤇𐤌𐤋𐤊), HMLQRT (𐤇𐤌𐤋𐤒𐤓𐤕) is, en dat letterlik "de broer fan Melkart" betsjutte.

De cognomen BRQ betsjutte "tongerynslach" of it "skinen". It komt oerien mei de Arabyske namme Barq, de Hebriuwske namme Barak en de Grykske namme Keraunos, dêr't it de namme fan generaals fan wie. De namme waard oan Hamilkar jûn en oan dy syn trije soannen jûn om ûnderskaat te meitsjen, en harren laach stie bekend as de Barkiden.

Libbensrin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der is net folle bekend oer it libben fan Hamilkar en de Barkiden fan foar de Punyske oarloggen. Mooglik kamen se fan oarsprong út Syrene wei.

Hamilkar waard neamd as generaal yn trije foarfallen: tsjin de ein fan de Earste Punyske Oarloch wie er oerbefelhawwer fan it Kartaachsk leger yn Sisylje; hy fersloech de opstannelingen yn de hierlingekriich yn Afrika en oermastere grutte parten fan Hispanje. De Romeinen neamden him "tongerynslach", dat yn it Punysk as BRQ (Baraq) oerset waard, om't er fluch tasloech.

Oan de ein fan de Earste Punyske Oarloch waard Hamilkar fan 244 f.Kr. ôf de oerbefelhawwer fan de Kartaachske striidkrêften yn Sisylje. De kriich yn Sisylje rekke yn it neidiel fan Kartago, dêr't de Romeinen it eilân hast alhiel ûnder kontrôle hiene, útsein twa stêden yn it uterste westen fan it eilân dy't noch yn Kartaachske hannen wiene. Dêrtroch ûntstie der in skeel tusken Hamilkar en generaal Hanno de Grutte, dy't in soad suksessen yn Noard-Afrika hie, en dêr't it grutste part fan it leger foar ornearre waard, sa't Hamilkar net oer in soad kriichsfolk beskikte. Troch guerilla-taktiken wist Hamilkar de Romeinen ferskate kearen te ferslaan en ferlerne gebieten werom te bemasterjen. Mar troch de Romeinske oerwinning yn de Slach by de Egadyske Eilannen wiene dy suksessen om 'e nocht en waard Hamilkar fan syn tafier ôfsnien. De Kartaachske Senaat hiet Hamilkar dêrnei om mei de Romeinen oer frede te ûnderhanneljen. Neffens it Ferdrach fan Lutatius, dy't doe tekene waard, moast Kartago Sisylje alhiel oan Rome ôfstean en hege reparaasjekosten oan Rome betelje.

Dat late yn Kartago ta in jildtekoart en koe it hierlingeleger net betelle wurde. Dat late wer ta rebûlje fan soldaten yn it hierlingeleger, dy't fan oer gâns de doe bekende wrâld kamen. Dat wie tige gefaarlik foar Kartago om't Libyske soldaten stêden yn harren heitelân, dy't ûnder Kartaachske kontrôle wiene, stokelje koene om mei harren mei te dwaan. De hierlingekriich fan 241 oant 238 f.Kr., dy't dêrtroch ûntstie, foarme in gruttere driging foar it Kartaachske Ryk as de eardere kriich tsjin de Romeinske Republyk. Nei't de Kartagers ferskate slaggen tsjin de opstannige hierlingen ferlern hiene, krige Hamilkar it oerbefel om de opstân del te bêdzjen. Hy moast no dejingen ferneatigje dy't er earder laat hie. It slagge him om de hierlingen te ferslaan en de opstannige stêden te oermasterjen.

Nei de hierlingekriich waard er ek warber as steatsman. De Romeinen hiene gebrûk makke fan de tastân dêr't Kartago yn ferkearde en anneksearre Sardynje yn 238 f.Kr. Yn it fredesferdrach trije jier dêrfoar waard noch besletten dat Sardynje Kartaachsk bleauwe soe. Faaks giet it beslút, om op it Ibearysk Skiereilân nije gebieten te bemachtigjen, dêr't de Romeinen oant doe ta noch gjin ynteresse sjen litten hiene, op Hamilkar werom. Fan 237 f.Kr. ôf oermastere er it súdlik en it eastlik part fan Hispanje. Troch it iepenjen fan sulverminen en hannelsplakken koe er it ferlies fan syn bertestêd yn de striid tsjin de Romeinen ryklik kompensearje. It sintrum fan syn Punysk koloniale ryk yn Hispanje waard de stêd Leuke Akra, it hjoeddeistige Alicante.

Yn 229 f.Kr. foel Hamilkar yn in striid tsjin de Fettoanen, faaks yn in mûklaach, en kaam om it libben. Syn skoansoan Hasdrubal de Skjinne folge him op en ferfolge de Kartaachske hearskippij yn Hispanje.

Famylje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

1rightarrow.png De Wikipedy hat ek in side Barkiden.

Hamilkar hie op syn minst trije dochters en trije soannen.

Syn earste dochter boaske mei Bomilkar, dy't in suffeet fan Kartago wie en dy't de lieding oer de Punyske float yn de Twadde Punyske Oarloch hie. Syn pakesizzer, Hanno, wie in wichtige generaal yn it leger fan syn soan Hannibal.

Syn twadde dochter boaske mei Hasdrubal de Skjinne.

Syn tredde dochter boaske de Berbersk-Numidyske stamlieder Naravas, dy't Hamilkar holp yn de hierlingekriich.

Hamilkar hie trije soannen, Hannibal, Hasdrubal en Mago, dy't allegear generaals yn it leger wiene. Der moat ek noch in fjirde soan west hawwe, mar dêr is hast neat oer bekend.

Nijsgjirrich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in leginde moast Hamilkar de stifter fan de stêd Barselona west hawwe, dêr't de namme fan de stêd fan de famylje Barka weikomt. Nettsjinsteande dat wurdt der hjoed-de-dei fanút gien dat de namme Barselona fan it Ibearyske Barkeno komt.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Werner Huß: Die Geschichte der Karthager. Beck, München 1985, ISBN 3-406-30654-3, S. 246–274. (Handbuch der Altertumswissenschaft III 8)
  • P. Barceló: Hannibal. C. H. Beck, München 1998, ISBN 3-406-43292-1, side 13.
  • W. Huß: Karthago. C. H. Beck, München 1995, ISBN 3-406-39825-1, siden 61 en 103.