Springe nei ynhâld

Barkiden

Ut Wikipedy
Hannibal Barka

De Barkiden wiene in foaroansteande famylje yn Kartago yn de klassike âldheid. Guon famyljeleden wiene fûle tsjinstanners fan de Romeinske Republyk. De namme Barkiden is in eigenskipswurd fan de werklike namme Barka of Barkas, dat fan it Punyske BRQ komt en wjerljocht betsjut. Te ferlykjen binne Baraq ברק‎ yn it Kanaänitysk en Hebriuwsk, barq برق yn it Arabysk, berqa yn it Malteesk, en ferlykjende wurden yn oare Semityske talen.

Der is net folle oer de Barkiden bekend fan foar de Punyske oarloggen. Mooglik is dat se fan oarsprong út Syrene weikamen. De Barkiden wiene yn de tredde iuw f.Kr. ien fan de wichtichste famyljes yn de hearskjende oligargy yn Kartago. Hja fochten yn de Earste Punyske Oarloch (264-241 f.Kr.) tsjin de Romeinen, dy't troch harren útwreidzjen yn it Middellânske Seegebiet in grutte driging foar de Kartaachske seemacht betsjutten. Ek wiene de Barkiden warber yn de Twadde Punyske Oarloch (218-201 f.Kr.).

De Barkiden stiften ferskate Kartaachske stêden op it Ibearysk Skiereilân, dêr't guon fan hjoed-de-dei noch bestean, sa as bygelyks Mahón en Qart Hadast, it hjoeddeistige Cartagena, dat yn Latynske oersettings Cartago Nova (Nij-Kartago) hiet. Ek waard Barselona mooglik troch harren stifte.

Ferneamde famyljeleden wiene:

  • Hamilkar Barka (275-229 f.Kr.), de patriarch. Hy tsjinne as in Kartaachsk generaal yn de Earste Punyske Oarloch (264-241 f.Kr.) en de dêrop folgjende hierlingekriich (240-238 f.Kr.). Neffens oerlevering liet er syn âldste soan Hannibal swarre op it alter fan de goaden om "nea in freon fan Rome" te wurden. Nei de Romeinske oerwinning wreide er de koloanjes yn Hispanje út, dêr't er ferdronk doe't er in rivier oerstuts, mooglik yn in mûklaach. Hamilkar Barka en syn frou hiene seis bern. Trije soannen waarden ferneamde generaals yn it Kartaachsk leger. Syn trije dochters boasken bûnsmaten fan de Barkiden.
    • Syn âldste dochter boaske Bomilkar, in suffeet fan Kartago en hja waard de mem fan Hanno.
    • Syn twadde dochter boaske Hasdrubal de Skjinne.
      • Hasdrubal de Skjinne (270-221 f.Kr.) wie Hamilkar syn skoansoan, en stie Hamilkar by yn de machtstriid yn Kartago nei de Earste Punyske Oarloch en by it útwreidzjen fan de koloanjes yn Hispanje. Nei Hamilkar syn dea yn 228 f.Kr. naam er it bestjoer yn Hispanje oer. Hy stifte Cartago Nova en makke dat it bestjoerssintrum fan de provinje yn Hispanje. By in ferdrach mei Rome stelde er de rivier de Ebro fêst as de grins tusken de twa machten. Hy waard troch in Keltyske hiermoardner fermoarde.
    • Syn jongste dochter boaske Naravas, in Numidysk stamhaad.
    • Hannibal (247-182 f.Kr.), de âldste soan fan Hamilkar Barka, en ien fan de bêste en meast ferneamde generaals yn de klassike âldheid en de grutste fijân fan de Romeinske Republyk. Hy wûn de ferneamde Slach by Cannae (216 f.Kr.), mar ferlear de krúsjale Slach by Sama (202 f.Kr.). Hannibal wie bekend om syn tocht troch de Alpen mei 60.000 soldaten en 38 oaljefanten.
    • Hasdrubal Barka (245-207 f.Kr.), de twadde soan fan Hamilkar Barka, ferdigene de Kartaachske stêden yn Hispanje doe't Hannibal yn 218 f.Kr. nei Itaalje ferfear. Doe't er fersterkings foar syn broer Hannibal yn 207 f.Kr. late, waard er ferslein en sneuvele er yn de beslissende Slach by de Metaurus.
    • Mago Barka (243-203 f.Kr.), ek wol Magon skreaun, wie de tredde soan fan Hamilkar Barka en wie by de measte slaggen fan syn broer Hannibal oanwêzich en spile in wichtige rôl dêrby.