Hûs Bosman
It Hûs Bosman lei oan de noardeastkant fan de buorren fan Mitselwier yn de gemeente Dongeradiel. Op in stik fan it âlde steed steane no wenningen.
Foar it eardere gritenijhûs oer stie it Hûs Bosman, yn 1674 boud foar gritenijsekretaris Cornelius fan Bosman. Dy boude yn de twadde helte fan de 17e iuw in grut grûnbesit yn de omkriten op. Yn 1700 hie er 7 stimmende saten plus loslân en ek noch in heale stim. Op lân fan de Velde (FC4; upt Felt gued yn 1511, [1] Opfelde zaete yn 1543), dat yn 1698/1700 mei Wibalda ien gebrûksienheid foarme, liet er oan de noardside fan it doarp yn 1674 it hûs Bosman op in terrein mei (yn 1832) plaisierwater, tuin, gracht en singel bouwe.
De Aanwijzende Tafels by de kadasterminút fan 1832 jouwe oan dat it begrêfte terrein oan de noardkant fan het doarp eigendom is fan grytman Daniel de Blocq van Haersma de With. De twa gebouwen oan de dyk binne in wenhûs en in weinhûs. Tsjin de súdlike begrinzing fan de grêft om de tún stean broeibakken. Ek it lettere riedhûs stiet dêryn oanjûn as eigendom fan grytman De Blocq. Neffens Andreae waard it hûs yn 1839 troch De Blocq ferkocht oan de opfolgjende grytman Schelto baron van Heemstra. Dy waard yn 1850 Kommissaris fan de Kening yn Utert en yn 1858 fan Seelân; fanwegen spul yn de famylje waard it hûs dêrnei rillegau ôfbrutsen. Mooglik hat de advertinsje fan 1850 betrekking, wêryn't ferkeap op ôfbraak oankundige wurdt fan in bûtenpleats yn Mitselwier (Wumkes H, 237). Yn 1818 wie Joh. Casparus Bergsma in koart skoft eigener.
Oer de bûtenkant fan it hûs skriuwt Van der Aa, dat it hûs fan de grytman grut en wyt wie en fan fierrens te sjen. Dat moat it blokfoarmige gebou west hawwe dat neffens it kadastrale plan oan de dyk foar it riedhûs oer stie. Dat soe yn de 17e iuw boud wêze en ferfong sa't út de situaasje bliken docht, in âlder pân binnen de grêft en singel.
-
Wenten op it perseel dêr't Bosman stie
-
De súdgrêft fan de tún fan it eardere Hûs Bosman anno 2016.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1674 Cornelius fan Bosman
- 1818 Johannes Casparus Bergsma (1775-1818)
- 1832 Daniel de Blocq van Haersma de With (1797 - 1857)
- 1839 Schelto baron van Heemstra
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noaten
|