Oerlis:Hûs Bosman

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

op it noardlike diel hat de tennisferiening har akkomodaasje. fourthelle, kloppet net mei kadasterminuut. Drewes 2 jul 2011, 00.22 (CEST)

Tige tank, Drewes! --Swarte Kees 2 jul 2011, 12.00 (CEST)

Tsjin de súdlike begrinzing fan de grêft en oer de wei dy't bylâns dy grêft nei it noarden rint, steane hûs en broeibakken fan de De Blocq fuorthelle, kloppet net mei kadasterminút en beskriuwing. Drewes 2 jul 2011, 12.07 (CEST)

Nochris tank !--Swarte Kees 2 jul 2011, 12.15 (CEST)

Understeand Oerlis is hjirhinne fersetten fan de side fan Swarte Kees[boarne bewurkje]

Myn fragen en opmerkings:

  • FC4; upt Felt gued yn 1511, (*1) Opfelde zaete yn 1543), dat yn 1698/1700 mei Wibalda ien gebrûksienheid foarme. - Fraach: hat dêr ea wol in pleats (fan belang) west, of wie it allinne lân? En: soe it Hûs Bosman dan as in fuortsetting yn de bouskiednis fan ‘up’t Felt gued’ beskôge wurde meie?
  • liet hy oan de noardside fan it doarp yn 1674 it hûs Bosman op in omgrêfte terrein mei (yn 1832) plaisierwater, tuin, gracht en singel bouwe. - De beide Schotanuskaarten jouwe Hûs Bosman sûnder grêft oan de noardrâne fan de terp. Earst op de kadasterminút is de plaisiertún mei grêft en dobbe te sjen (Drewes hat beide noch kend), op it perseel efter it oarspronklike perseel dêr’t Hûs Bosman stie.
  • Leemburg syn beskriuwing fan de lizzing fan de bygebouwen doocht mar foar in part. De kadasterminút is dêr dúdlik oer (sjoch oerlis).
  • Sawol Herma van den Berg as Van der Aa hawwe gjin ferbân lein tusken Bosman en ’Opfelde zaete’ (mar dat seit net alles).
  • Mooglik hat hjirop de adfertinsje fan 1850 betrekking, wêryn ferkeap op ôfbrak oankundige wurdt fan in bûtenpleats yn Mitselwier (Wumkes H, 237). – Likernôch 1850 is der in nij wagen- en stalhuis (omskriuwing út 1900) boud op benei it plak fan de ‘broeibakken’ oan de súdgreft. Wêrom at it hûs der al ôf wie? It kin der ek neat mei te meitsjen hawwe wit ik wol, mar it makket my nijsgirrich.

Groetnis Drewes 2 jul 2011, 14.45 (CEST)

Boarne JL hjirhinne brocht troch Kees[boarne bewurkje]

Wibalda (Metslawier FC20) Sate De Velde en het huis Bosman (Metslawier FC4, SC4) Wibalda, als Wybalda612 in 1511 genoemd, was een stins die zijn naam ontleende aan een in de late 15de in mannelijke lijn uitgestorven familie. Begin 16de eeuw was het reeds pachtgoed. De eerste vermelding van Wibalda te Metslawier is uit 1422. Toen behoorde Jucko of Yweke Wybalda tot de Schieringer hoofdelingen die met Focke Ukena vrede sloten. Omdat hij in de oorkonde tussen hoofdelingen uit Oostrum, Metslawier, Foudgum en Bornwerderhuizen wordt genoemd, kwam hij zeker van de Metslawierster Wibalda-stins. Een zoon of een kleinzoon van hem zal jonge Juicke toe Metzelwier zijn geweest, die met andere Vetkopers, zoals Botto Holdinga en Gabbe Jaerla in 1474 in Dokkum Ede Hessels Jongema, die op Tjaerda in Rinsumageest was ingetrouwd, doodsloeg. Hij werd hij door de tegenpartij op Tjaerda gevangen gezet en bij een uitruil van gijzelaars weer losgelaten.613 In 1511 was Wibalda, 108 pondemaat groot, eigendom van Sippe Meckama, die het verpachtte. Toch had het huis nog een zeker prestige, want in 1504 en 1505 werd hij in de lijst van "edelingen" van het Saksische bestuur Sippe Wybalda genoemd. Nog in 1582 was Wibalda een pachtboerderij van de Meckema's.614 De ligging van de sathe Wibalda ten zuiden van het dop blijkt uit het floreencohier van 1700 en 1850. Merkwaardig is dat er geen stem bij behoorde. Mogelijk was dit het gevolg van verschuivingen van administratieve eenheden binnen het grootgrondbezit dat de grietenijsecretaris Cornelius van Bosman in de tweede helft van de 17de eeuw in Metslawier opbouwde: in 1700 bezat hij 7 stemmende sates plus losland en nog een halve stem. Op land van de Velde (FC4; upt Felt gued in 1511,615 Opfelde zaete in 1543), dat in 1698/1700 met Wibalda één gebruikseenheid vormde, liet hij aan de noordzijde van het dorp in 1674 het huis Bosman op een omgracht terrein met (in 1832) plaisierwater, tuin, gracht en singel bouwen, dat in 1850 weer werd afgebroken.616

Eigenaars - Yweke Wybalda, 1422. - jonge Juicke toe Metzelwier, 1474// - Sippe Wybalda (1505) alias Sippe Meckama (1511). Hij komt niet in de genealogieën Meckema voor. Hij zal een broer van Tieth Meckema617 zijn geweest; Wibalda kwam aan Tiets zoon: - Pybe Meckema, 1543 landeigenaar in Metslawier. Zoon: - Feye van Meckema, getrouwd met Ibel van Unia. Zoon: - Julius van Meckema krijgt Wybalda sate in 1588.// - Cornelius van Bosman, eigenaar 1700.

612 In de uitgave, RvdA, I, 141, staat Wybaldus, lees Wybalda. 613 Worp van Thabor, IV, 121-123, 614 DJvdM: RAF, RA Oostdongeradeel J 1 (1582): Jan Hendricksz Wybalda huurt de sate Wybalda van de erfgenamen van Feye van Meckema. In 1580 (RGO) huurde hij ook kerke- en pastorieland. RAF, HvF EEE 1, fol. 321: Julius van Meckema krijgt in 1588 Wybalda sate te Metslawier, groot 90 pondemaat uit de boedel van Feye van Meckema en Ibel van Unia. 615 Het goed up't Felt behoorde in 1511 aan Take Buyma en Wick to Lytkeweer en haar zusters. Zie *Lytsewier te Wetsens. 616 NO, II, 366. Zie voor zijn wapen: GJB (1993) 58. 617 Tiet Meckema, dochter van Pybe Eernsma te Jouwswier en Wits Meckema trouwde met Feye Remmersma. Zie *Meckema te Kollum.

Reaksje JL[boarne bewurkje]

Hjirûnder de reaksje fan Jan Leemburg, troch Kees hjirhinne brocht om it Oerlis by elkoar te hâlden:

JL

Sa as mei al myn stikjes op it ynternet jildt hjir ek: wa't it better wit mei it sizze en wa't méár wit graach ek.

Boppesteand de tekst fan Paul Noomen dy't ik as basis brûk haw. Paul hat it measte fan syn ynfo út orizjinele boarnen lykas oarkonden en sa, al kinst by de noaten sjen dat er (benammen nei sawat 1600) ek gauris oare skriuwers oanhellet. Syn ûndersyksfjild wie dan ek de midsieuwen en nèt de jongere skiednis, al hat er dêr wol it ien en oar oer byinoar socht as dat te pas kaam yn it ramt fan in stins/state mei in oarsprong yn 'e midsieuwen.

  • Up 't Felt gued, alteast hûs en hiem, is neffens HisGis te finen op kadastrale gemeente Eanjum seksje D nûmer 695, yn 1832 eigendom fan 'e erven Ulbo van Burmania. Dat is noardeast fan Mitselwier en súdeast fan Ropta en dêr stiet in kop-hals-romp pleats mei in dwars foarein op it westen. Alteast yn 2005/2006 doe't it materiael fan Google Maps makke is... Ut it feit dat it goed al yn 1511 by namme neamd wurd docht wol bliken dat it in pleats fan belang wie. Om't foar safier't nei te gean is, op it âlde stee noch in pleats stiet en Hûs Bosman earne oars stie kin it net beskôge wurde as in (boukundige) fuortsetting fan Up 't Felt Gued.
  • Punt 2 fan Drewes fertsjinnet it om ferwurke te wurden yn 'e beskriuwing fan it hûs.
  • Foar punt 3 jildt: as ik liich, dan liich ik yn kommisje... Ik bin net wizer as at oaren my wiismakke ha. As Drewes it plak better wit oan te jaan dan moat dat fansels oanpast wurde. Van der Aa gie ôf op ynfo dy't him tastjoerd waard troch lju út it gea. Hy hat sels neat útsocht en wie, lykas ik, ek net wizer. Herma van den Berg wist in soad fan bouskiednis, mar hat net safolle âlde orizjinele boarnen neipluze as Paul Noomen en it is wol dudlik dat se gjin eigendomsskiednis fan ferskate gebouwen meiinoar kombineard hat.
  • Ik tink dat Drewes ek mei it lêste punt gelyk hat en dat dy adfertinsje út 1850 oer in oar hûs giet. Dat moat dan ek oars.

Drewes is goed wekker... As er noch mear wit, ek oer oare stinzen/states yn Mitselwier en omkriten, fernim ik dat graach. Ik sil it ien en oar ek yn it stikje op ús side feroarje.

Freonlike groetnis, Jan

Reaksje Drewes[boarne bewurkje]

  • Kadastrale gemeente Eanjum, seksje D nr. 695, Up 't Felt gued leit 500 meter noardeast fan Bosman en en 450 m. súwestlik fan Moarre, heart ta de himrik fan Moarre.
  • Bosmanhûs stie op perseel Nijtsjerk C105, de plaisiertún lei op C107.
  • Tennisbaan fan Mitselwier leit op in part fan perseel Nijtsjerk C76.
  • Hûs Bosman kin it net beskôge wurde as in (boukundige) fuortsetting fan Up 't Felt Gued.

Dúdlik, ik pas it artikel oan en helje it fraachteken fuort. Kees en Jan, tanke wol. Drewes 23 jul 2011, 11.53 (CEST)