Húnzermole

Ut Wikipedy
Húnzermole
Piktogramm Windmühle.svg mûne / mole
De Húnzermûne yn 2015
De Húnzermûne yn 2015
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Leeuwarden vlag 2014.svg Ljouwert
plak Húns vlag.svg Húns
adres Húns 39
koördinaten 53° 09' N 5° 39' E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
oarspr. gebrûk Bemeallen polder Húns
flecht 21,80 meter
boujier 1829
oare ynformaasje
eigner Stifting Wetterskipserfgoed
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 8530
Webside
Side St. Wetterskipserfgoed
Kaart
Húnzermole (Fryslân)
Húnzermole

De Húnzermole is in poldermole en ryksmonumint justjes ten súdwesten fan it doarp Húns yn de gemeente Ljouwert.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Húnzermole waard yn 1829 yn it ramt fan de gearfoeging fan lytsere polders ta in grutte polder fan ± 1200 pûnsmjit boud en ferfong dêrmei fiif lytsere moles.

Yn 1937 gie in plan om de mûne te ferfangen troch mechanyske bemealling net troch, mar yn 1958 waard yn de Húnzermole dôchs noch in diselmotor setten, wêrnei't kombinearre bemealling mooglik waard. Yn de jierren 1978-1980 waard de mole restaurearre. Hoewol't yn 2001 in gemaal neist de Húnzermole boud waard, is hy noch altyd mealree.

De mole is eigendom fan it Stichting Waterschapserfgoed en kin op ôfspraak besichtige wurde.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De achtkante, reiddutsen muonts stiet op mitsele fjildmuorren, de roeden fan de mole binne 21,80 meter lang en hawwe selsswichting mei âldhollânske foarhikken.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: