Springe nei ynhâld

Guido Görtzen

Ut Wikipedy
Guido Görtzen
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte nammeGuido Görtzen
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum9 novimber 1970
berteplakHeerlen
lingte2,02 m
sportive ynformaasje
sportFollybal
O.S.Atlanta 1996,
Sydney 2000,
Atene 2004
debút1992
karriêre-ein2008
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 1996
1x goud EK 1997

Guido Görtzen (Heerlen, 9 novimber 1970) is in eardere Nederlânske follyballer. Hy spile 425 ynterlannen foar de Nederlânske ploech. Hy die trijeris mei oan de Olympyske Spullen en wûn dêrby ien medalje.

Görtzen beheart ta de gouden generaasje dy't yn 1996 Olympysk kampioen waard yn Atlanta, de ploech fersloech Itaalje doe yn de finale mei 3-2. Op dy Simmerspullen makke Görtzen syn Olympysk debút. Yn 2000 waard er by de Simmerspullen yn Sydney mei de Nederlânske ploech fiifde en fjouwer jier letter, yn 2004 wie er lid fan de ploech dat op de Simmerspullen yn Atene njoggende waard.

Yn 1997 helle er mei de Nederlânske ploech de Europeeske titel.

De kwalifikaasje foar de Simmerspullen 2008 yn Peking waard krekt mist. Yn it Olympysk kwalifikaasjetoernaoi yn Turkije waard Nederlân foar pleatsling útskeakele troch Servje. Dat wie fuortdaliks de lêste wedstriid fan Görtzen.

Neist syn wedstriden foar Oranje spile er alve jier foar Italjaanske topklups as MoMontechiari, Osaka, Modena en Perugia. Dêrnei soe hy foar in protte jild spilje foar it Russyske Iskra Volley út Odintsovo. Dêrnei kearde hy yn 2006 werom nei Nederlân en spile er foar Nesselande mei as grutte doel om by de Oranje- en Nesselande-trener Peter Blangé yn byld te kommen foar Oranje, dat him kwalifisearje woe foar Peking. Dêrneist hâlde er him lykwols ek dwaande mei in bestean as saakwaarnimmer fan ferskate spilers fan Nesselande, eat dat gjin goedkarring hie fan trener Peter Blangé. Dêrtroch moast er nei ien jier al ôfskie nimme by Nesselande. Hy soe dêrnei yn 2007 yn de Dútske Bundesliga spilje by Moerser SC, dêr't hy it fjirde plak mei helle. Dêr sleat er, nei de útskeakeling fan de Nederlânske ploech foar Peking, syn karriêre as profesjoneel follyballer ôf.

Op it stuit hat er in bedriuw yn sportmanagement dat spesialisearre is yn begelieding fan sporters.

lân club perioade
flagge fan Nederlân NederlânVCL Geeversearder
flagge fan Nederlân NederlânNashua Geldropoant 1992
flagge fan Nederlân NederlânVCN Capeller1992-1995
flagge fan Itaalje ItaaljeGabeca Pallavolo Spa1995-1997
flagge fan Japan JapanPanasonic Panthers1997-2000
flagge fan Itaalje ItaaljePallavolo Modena2000-2002
flagge fan Itaalje ItaaljePerugia Volley2002-2004
flagge fan Ruslân RuslânIskra Odincowo2004-2006
flagge fan Nederlân NederlânOrtec Nesselande Rotterdam2006-2008

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: