Grytz
Grytz | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 19 septimber 1987 | |
berteplak | Murns | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
sjongtaal | Frysk | |
ynstrumint | sjongeres | |
jierren aktyf | 2010-no | |
offisjele webside | ||
http://grytzengrize.nl/ |
Grytz (Murns, 19 septimber 1987) is de artystenamme fan sjongeres Grytsje Melchers út Aldemardum.
Yn har oplieding Sosjaal Pedagogysk Wurk keas hja foar de rjochting fan ûnderwiisassistinte. Nei it mbo gie se nei de NHL-Pabo yn Ljouwert en wurke nei har lio-staazje oan de basisskoalle fan Warns. Op de muzykskoalle fan Koudum krige se gitaarles. Ek folge hja sjongles en song ek yn bandsjes fan de muzykskoalle. Ien fan dy bandsjes wie in fammeband, dy’t wat 'punky-eftige muzyk' spile.
Grytz en Grize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neidat de gitarist fan D’ouwe Rockers har optreden sjoen hie by Rock & Loll yn Warkum waard se yn 2010 de sjongeres fan dy band. It bandsje wie neamd nei Douwe van der Werff. Van der Werff hie dêrfoar spile mei artysten as Piter Wilkens yn Okke Hel, ien fan de earste Fryske popgroepen). Grytz spile mei De Rockers noch op Aaipop mei eigen wurk, mar dat optreden waard net echt in sukses. Grytz en Van der Werff giene doe fierder as 'Grytz & Grize'.
Grytz en Grize makken in tal cd’s mei eigen, Frysk wurk. Op feesten en brulloften spilen se Ingelstalige popklassikers, mar ek soul en rock & Roll. By dy feestoptredens brûkten se gauris in draaiend red mei de namme 'De Grisel'. It duo spile dan it nûmer dêr’t it De Grisel by stoppe. Nei harren ‘Tsjerketoer’ yn 2014 folge yn 2016 in muzikale Alvestêdetocht mei alve hûskeamerkonserten. [1] It duo die yn de fakânsjetiid ek alle jierren optredens op Frânske kempings as in soarte 'Tour de France'.
Yn maaie 2013 wûnen Grytz & Grize mei it nûmer Bliuw by my de publykspriis fan it sjongfestival Liet. Yn 2016 hiene se it muzikale teäterprogramma Mei Grytz & Grize it skip yn. Dat programma waard makke mei help fan sellist Carel van Leeuwen en fioelist Vincent van Dam. Ek wiene der optredens mei oare artysten. Sa spilen se mei Bokke Rypma (gitaar) en Jan Hoekstra (bas) in grut ferskaat oan eigen Frysktalich wurk. [2] Yn 2017 binne Gytsje Melchers en Douwe van der Werff troud.
Boudewijn de Groot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2019 wurke Grytz mei oan it projekt Boudewijn de Groot yn it Frysk. Grytz sjongde op it album trije nûmers: Fersopen protter ('Verdronken vlinder'), Tip fan de sluier en Moarntiid ('Avond'). Yn it bywêzen fan Boudewijn de Groot sels mocht Grytz de lietsjes live sjonge yn it Omrop Fryslân televyzjeprogramma 'Noardewyn'.
Foar it projekt Reizger Yn Fryslan yn 2021 sjongde Grytz de Fryske tekst fan twa fan de fjirtjin de nûmers: Fersopen Protter en Ik beloof. Ik beloof is in oersetting fan De Groot syn bekende Nederlânske nûmer 'Avond'. Fersopen Protter is de Fryske oersetting fan 'Verdronken 'Vlinder.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- CD-singles mei oaren
- Kanjer (2011)
- Rintsje fan Rien (2013)
- CD’s yn de mande mei oaren
- Aaipop 2010, live (2010)
- Tsien moaie ferskes (2011)
- Twa (2013)
- De hits fan Frysk FM, diel 2 (Marista MCD 17260, 2017)
- De hits fan Frysk FM, diel 4 (Marista MCD 18326, 2018)
- De Groot yn it Frysk (Marista MCD 9723, 2019)
- Boudewijn de Groot yn it Frysk, deel 2 (8718403115260, 2021)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|