Grutte Tsjerke (Drachten)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Grutte Tsjerke

De Grutte Tsjerke is in tsjerke yn Drachten. It is it âldste gebou fan Drachten en in ryksmonumint. Oan de tsjerke is in ynrinhûs ferbûn.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke út 1743 hat in T-foarmige plattegrûn. Boppe de yngong sit in bekroaning yn Loadewyk XIV-styl mei de wapens (yn 1795 ôfbikke) fan de stichters fan de tsjerke. Hector Livius Haersma fan Vierssen, âld 5 jier, hat yn 1742 de earste stien lein. De houten geveltoer mei ynsnoerde spits hat yn wynwizer yn de foarm fan trije turven.

It ynterieur is oerdutsen troch in houten tonneferwulft. De preekstoel (1743) yn Loadewyk XV-styl hat allegoryen (deugden) op de panelen: de wierheid mei sinne, boek en palmtakke op in wrâldbol, leauwe klaait yn de wapenrêsting fan God, leafde mei flamjend hert omjûn mei bern, hope mei it anker en foarspoed mei de hoarn fan de oerfloed en palmtakke. Der is in hearebank út 1744 en in hearebank (1750) mei toefstik yn Loadewyk XIV-styl. F de fjouwer brânskildere ramen (1743) binne der trjie makke troch Jurjen Staak en ien troch Ype Staak. It oargel út 1820 is makke troch J.A. Hillebrand en útwreide yn 1986.

Yn 2015 hat it ynterieur in ûnderhâldsbeurt hân en waarden op plakken fernijingen útfierd.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Grote Kerk, Drachten fan Wikimedia Commons.