Springe nei ynhâld

Grutte Slink

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Grutte Slinke)
De Grutte Slink.

De Grutte Slink (Ingelsk: Great Rift Valley; Swahily: Bonde la Ufa), ek wol bekend as de Grutte Riftdelling of de Grutte Riftfallei, is in riftdelling, in soarte fan kleau yn 'e foarm fan in langrutsen stelsel fan slinken, dat fan Mozambyk yn Súdlik Afrika oant yn Syrje yn it Midden-Easten rint oer in totale lingte fan omtrint 7.000 km. Ferskate grutte marren en binnenseeën meitsje diel út 'e Grutte Slink, en datselde jildt foar de Reade See en de Golf fan Aden, dy't râneseeen fan 'e Yndyske Oseaan binne. De termen "Grutte Riftdelling" en "Grutte Slink" wurdt tsjintwurdich yn geologysk-wittenskiplike teksten net mear brûkt as oantsjutting foar dizze lânfoarm, om't se as ûnsekuer beskôge wurde. Geologysk sjoen giet it nammentlik om in groep besibbe mar aparte riftdellings en tektoanyske brekken.

De rin fan 'e Grutte Slink yn Afrika.

Yn Afrika rint de Grutte Slink oer in ôfstân fan 5.950 km troch Súdlik Afrika, East-Afrika en de Hoarn fan Afrika. De súdlike útein befynt him besuden de Malawymar op 'e grins fan Mozambyk en Malawy. Dêrwei rint de kleau noardoan nei Tanzania, dêr't er him opspjalt yn twaen. De iene kant, de saneamde Albertynske Slink, folget de grins fan Tanzania mei Sambia by de Rukwamar lâns nei it noardwesten en rint dan fia de Tanganjikamar op 'e grins fan Tanzania en de Demokratyske Republyk Kongo nei it noarden. It folget de eastgrins fan 'e Demokratyske Republyk Kongo mei Boerûndy, Rûanda en Oeganda, dêr't ferskate lytsere marren lizze, wêrûnder de Kivumar en de Edwardmar, om úteinlik te einigjen oan 'e noardein fan 'e gruttere Albertmar, deunby it plak dêr't de mienskiplike grins fan 'e Kongo en Oeganda it trijelannepunt mei Súd-Sûdaan berikt.

De oare kant fan 'e Grutte Slink rint fan 'e noardpunt fan 'e Malawymar in eintsje nei it noardeasten en draait dan nei it noarden, om dwers troch Tanzania en Kenia te rinnen, en dêrwei nei Etioopje. Yn Kenia leit de Toerkanamar yn dat diel fan 'e Grutte Slink, en yn Etioopje wurdt it Etiopysk Heechlân dertroch midstwa spjalten, mei it Abessynske Massyf yn it noardwesten en it Hararmassyf yn it súdeasten. Tusken dy beide berchtmen yn lizze yn 'e Grutte Slink ferskate lytsere marren, wêrûnder de Chamomar, de Abayamar, de Shalamar, de Abiatamar en de Ziwaymar. De Grutte Slink rint dêrwei nei it noardeasten om fia de Danakildepresje op 'e grins fan Dzjibûty en Eritreä út te kommen by de kust. De Reade See en de Golf fan Aden foarmje eins in fuortsetting fan 'e Grutte Slink, dy't sadwaande by de kusten fan Eritreä, Jemen, Saûdy-Araabje, Sûdaan en Egypte lâns rint.

De Grutte Slink yn westlik Oeganda.

Yn it Midden-Easten rint de Grutte Slink fia de Golf fan Akaba oan 'e eastkust fan it ta Egypte hearrende Sinaïskiereilân lâns. Oan lân giet er oer yn 'e leechten op 'e grins tusken Jordaanje en Israel, yn 'e delling fan 'e Wadi Araba. Noardliker leit yn 'e Grutte Slink de Deade See en wer noardliker rint de rivier de Jordaan troch de midden fan 'e Slink. De see en de rivier foarmje de grins tusken Israel en Jordaanje, dan tusken Jordaanje en it Palestynske Westjordaanlân en dan wer tusken Israel en Jordaanje. Ek de Mar fan Tibearias (of de Mar fan Galiléa, sa't it wetter yn 'e Bibel neamd wurdt) leit yn 'e Grutte Slink, dy't trochrint nei it noarden om fia de Bekaadelling yn Libanon úteinlik yn noardwestlik Syrje te einigjen.

De Grutte Slink fariëarret yn breedte fan 30 oant 100 km en yn djipte fan inkele hûnderten oant ferskate tûzenen meters. Yn 'e geology wurdt sa'n soarte lânfoarm, dêr't twa tektoanyske platen útinoar bewege, in rift neamt. East-Afrika makket diel út fan 'e Afrikaanske plaat, mar is him yn 'e Hoarn fan Afrika oan it opspjalten yn twa nije ierdplaten: yn it westen de Nubyske plaat en yn it easten de Somalyske plaat. Om't de Grutte Slink trochrint yn 'e Reade See oant yn Syrje wurdt ek de Arabyske plaat ta it útinoar bewegende systeem rekkene. De Nubyske, Somalyske en Arabyske platen foarmje by it punt dêr't de Grutte Slink yn 'e Reade See útkomt, de Afartrijehoek, dat mei in Ingelske term in triple junction (letterlik: "trijesprong") is: in plak dêr't trije tektoanyske platen byinoar wei bewege. Oan 'e noardlike útein fan 'e Grutte Slink, yn noardwestlik Syrje, is noch sa'n triple junction, foarme troch de Afrikaanske, Arabyske en Anatoalyske platen. Troch de tektoanyske aktiviteit is de Grutte Slink gauris it toaniel fan ierdbevings.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.