Springe nei ynhâld

Grutte Mûne (Marrum)

Ut Wikipedy
De Grutte Mûne
mûne / mole
De Grutte Mûne yn 2022
De Grutte Mûne yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Marrum
adres Ljouwerterdyk 1
koördinaten 53° 19' N 5° 47' E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
oarspr. gebrûk Bemeallen polder Ferwert
flecht 23 meter
boujier 1945
oare ynformaasje
eigner Stifting De Fryske Mole
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15637
Webside
Side De Fryske Mole
Kaart
Grutte Mûne (Fryslân)
Grutte Mûne

De Grutte Mûne is in achtkante poldermûne by Marrum yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De mûne waard yn 1845 boud. Earder bemealle de mûne likernôch 2100 pûnsmjitte, mar tsjintwurdich wurket allinnich noch yn sirkwy. Ta itselde wetterskip hearde de lytsere en westliker steande Klaailânsmûne, dy't by drûchte ynmealle. Yn wietere tiden mealle de Klaailânsmûne it wetter nei de Grutte Mûne, dy't it dan trochmealle nei de boezem. Earder hiene de wjukken selsswichting, dy't ferfongen binne troch Dekker streamlinenoazen mei silen en dêrnei troch fokwjukken.

De Grutte Mûne is mealree en wurdt betsjinne troch in frijwillige mûnder. Eigener is Stifting De Fryske Mole.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Grutte Mûne is in foarse muonts. De achtkante, reiddutsen mûne stiet op mitsele fjildmuorren en hat in stielen wjukkekrús mei fokwjukken en Aldhollânsk hekwurk. De flecht is 23 meter.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: