Grotegaste
Appearance
Grotegaste | ||
Grifformearde tsjerke fan Grotegaste | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Lânkring | Lier | |
Gemeente | Westoverledingen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 116 (31 desimber 2020) | |
Hichte | 1 m boppe seenivo | |
Oar | ||
Postkoade | 28610 |
Grotegaste (Eastfrysk Plat: Groo'gâast) is in doarp yn it Landkreis Lier yn de Dútske dielsteat Nedersaksen yn East-Fryslân. It doarp leit yn it uterste westen fan de gemeente Westoverledingen oan de eastouwer fan de Iems en hie yn 2020 116 ynwenners. Under it doarp falt de útbuorren Lütjegaste.
It doarp ûntstie op in geastrêch, dêr't it efterheaksel "gast" yn de namme nei ferwiist. Yn de midsiuwen waard it doarp Halinga-Gast en letter yn in klokynskripsje fan 1352 Allignara-Gast neamd.
De Jehannes de Dopertsjerke waard yn 1819 yn neoklassisistyke styl boud en stiet op in terp. Dy tsjerke hat in midsiuwske foargonger hân. Yn de toer hingje de klokken fan d eâlde tsjerke út 1352 en 1364.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen, sjoch de:Grotegaste |
Westoverledingen | ||
---|---|---|
Haadplak: Ihrhove | ||
Doarpen: Breinermoor • Driever • Esklum • Flachsmeer • Folmhusen • Großwolde • Grotegaste • Ihren • Mitling-Mark • Steenfelde • Völlen | ||
· · |