Grifformearde tsjerke (Twizel)

Ut Wikipedy
Grifformearde Tsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak Twizel
adres Optwizel 64
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1953
arsjitekt J. Eldering
offisjele webside
Side Protestanske Gemeente Twizel

De Grifformearde Tsjerke is in tsjerke fan de protestanske gemeente fan Twizel. De twadde tsjerke fan de gemeente is de foarhinne herfoarme Petrustsjerke.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grifformearde tsjerke fan Twizel waard op 22 april 1889 ynstitútionearre as Nederdútsk-Grifformearde tsjerke. Sûnt 1892 makke de gemeente diel út fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân. Tegearre mei de wente fan de gemeentearsjitekt baarnde yn 1934 de earste tsjerke fan de grifformearde gemeente op de grûn ta ôf. Foar in nije tsjerke neffens in ûntwerp fan Albert Wiersema waard yn oktober 1934 de earste stien troch dûmny H.J. ten Brink lein.

Op 17 septimber 1945 makke dûmny M.A.J. van Putten en in mearderheid fan de tsjerkeried harren frij fan de synoadebesluten fan 1939-1944. It tsjerkegebou gyng doe oer op de doe ûntstiene Frijmakke Tsjerke en de grifformearden dy't trou bleaune oan de synoade rekken harren gebou kwyt. Tsjintwurdich is dizze yn arsjitektoanysk opsicht opmerklike Rehobothtsjerke yn eigendom fan de Frije Grifformearde gemeente.

Gevelstien

Foar de synodale grifformearden waard yn 1953 in nije tsjerke boud neffens in ienfâldich ûntwerp fan de arsjitekt J. Eldering. Boppe de tagong waard in gevelstien mei de wurden "Net troch krêft noch troch gewelt, mar troch Myn Geast sil it barre, seit de Heare der Hearskaren. Sacharia 4:6" oanbrocht.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard boud troch de firma Reil út Heerde, Gelderlân.[1]

Boek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it ramt fan it 100-jierrich bestean fan de grifformearde gemeente waard yn 1992 fan de hân fan H. Wijma e.o. in boek útbrocht mei de titel "Gereformeerde kerk Twijzel 1892-1992".

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: