Grifformearde tsjerke (Kommersyl)
Grifformearde tsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | Westerkertier | |
plak | Kommersyl | |
adres | Kerkstraat 13 | |
koördinaten | 53° 17' N 6° 19' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | foarhinne PKN | |
status | Sûnt 2017 bûten gebrûk | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1913 | |
Webside | ||
Side PKN Grypskerk | ||
Kaart | ||
De Grifformearde tsjerke fan Kommersyl is in earder tsjerkegebou yn Kommersyl. Yn jannewaris 2017 waard foar it lêst in tsjinst fierd yn de tsjerke. De ea grutte grifformearde gemeente hat him sûnt 2016 oansletten by de PKN-gemeente fan Grypskerk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 21 novimber 1850 waard yn Nijesyl in ôfskieden gemeente ynstituearre. Under de leden wennen der in soad yn Kommersyl. Doe't út Nijesyl wei yn Grypskerk in grifformearde gemeente stifte waard, wie sels it grutste diel fan dy gemeente ôfkomstich út Kommersyl. Sadwaande ûntstie ek yn Kommersyl jimmeroan mear ferlet fan in eigen grifformearde tsjerke en al hielendal nei't der yn 1912 ek in kristlike skoalle boud waard.
Yn 1912 ferliende de klassis tastimming om yn Kommersyl in grifformearde tsjerke te ynstituearjen. De opteinens wie grut yn it doarp en al in jier letter stie der in ienfâldich tsjerkegebou. It ledetal fan de grifformearde tsjerke fan Kommersyl soe oant en mei de Twadde Wrâldkriich tanimme en neitiid stadichoan sakje:
Jier | 1913 | 1923 | 1933 | 1943 | 1953 | 1963 | 1973 | 1983 | 1993 | 2003 | 2013 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ledeferrin | 500 | 602 | 626 | 674 | 535 | 490 | 377 | 315 | 280 | 196 | 145 |
Op 26 augustus 1945 fûn de stifting plak fan in frijmakke tsjerke, wêrtroch't it ledetal fan de grifformearde tsjerke fan Kommersyl mei 110 ôfnaam.
Yn 2016 wie de gemeente te lyts woarn om selsstannich te bliuwen. Op 15 jannewaris 2017 waard foar it lêst in tsjinst yn 'e tsjerke holden. Sûnt hat Kommersyl gjin eigen tsjerke mear. In wike earder waard yn it oanbuorjende Nijesyl ek in lêste tsjinst fierd yn 'e grifformearde tsjerke. De grifformearden fan beide doarpen hawwe oansluting fûn by de PKN-Grypskerk.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel fan 'e grifformearde tsjerke fan Kommersyl waard yn 1988 boud troch de firma Syb Haarsma út Drachten. It ferfong in ienmanualich oargel út 1927 fan M. Spiering út Doardt. By de bou brûkte Haarsma ûnderdielen fan ferskillende oargels. De oargelkas waard yn 1913 troch de firma Dekker boud foar de grifformearde tsjerke fan Oerterp (letter de grifformeard-frijmakke tsjerke). Ek in diel fan 'e pipen binne fan dat ynstrumint ôfkomstich. Oare ûnderdielen wiene ôfkomstich fan it eigen Spiering-oargel (dy't by de bou âlder piipwurk brûkte) en fan it oargel fan de Amsterdamske Posthoarntsjerke (Jos Vermeulen, 1928). Fierder waard in Subbas út 1917 fan it Standert-oargel fan de Lutherske Tsjerke fan Apeldoarn brûkt en de firma Stinkens út Zeist levere foar it oargel in nije Trompet.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|