Grifformearde tsjerke (Kommersyl)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Grifformearde tsjerke
Kerk Kommerzijl.jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Groningen.svg Grinslân
gemeente Westerkwartier vlag.svg Westerkertier
plak Kommersyl
adres Kerkstraat 13
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1913
webside Side PKN Grypskerk

De Grifformearde tsjerke fan Kommersyl is in earder tsjerkegebou yn Kommersyl. Yn jannewaris 2017 waard foar it lêst in tsjinst fierd yn de tsjerke. De ea grutte grifformearde gemeente hat him sûnt 2016 oansletten by de PKN-gemeente fan Grypskerk.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 21 novimber 1850 waard yn Nijesyl in ôfskieden gemeente ynstituearre. Under de leden wennen der in soad yn Kommersyl. Doe't fanút Nijesyl yn Grypskerk in grifformearde gemeente stifte waard, wie sels it grutste diel fan dy gemeente ôfkomstich út Kommersyl. Sadwaande ûnstie ek yn Kommersyl jimmeroan mear ferlet fan in eigen grifformearde tsjerke en al hielendal nei't der yn 1912 ek in kristlike skoalle boud waard.

Yn 1912 ferliende de klassis tastimming om yn Kommersyl in grifformearde tsjerke te ynstituearren. De opteinens wie grut yn it doarp en al in jier letter stie der in ienfâldich tsjerkegebou. It ledetal fan de grifformearde tsjerke fan Kommersyl soe oant en mei de Twadde Wrâldkriich tanimme en neitiid stadichoan sakje:

Jier 1913 1923 1933 1943 1953 1963 1973 1983 1993 2003 2013
Ledeferrin 500 602 626 674 535 490 377 315 280 196 145

Op 26 augustus 1945 fûn de stifting plak fan in frijmakke tsjerke, wertroch't it ledetal fan de grifformearde tsjerke fan Kommersyl mei 110 ôfnaam.

Yn 2016 wie de gemeente te lyts woarn om selsstannich te bliuwen. Op 15 jannewaris 2017 waard foar it lêst in tsjinst yn de tsjerke holden. Dêrmei hat Kommersyl gjin eigen tsjerke mear. In wike earder waard yn it oanbuorjende Nijesyl ek in lêste tsjinst fierd yn de grifformearde tsjerke. De grifformearden fan beide doarpen hawwe oansluting fûn by de PKN-Grypskerk.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel fan de grifformearde tsjerke fan Kommersyl waard yn 1988 boud troch de firma Syb Haarsma út Drachten. It ferfong in ienmanualich oargel út 1927 fan M. Spiering út Doardt. By de bou brûkte Haarsma ûnderdielen fan ferskillende oargels. De oargelkas waard yn 1913 troch de firma Dekker boud foar de grifformearde tsjerke fan Oerterp (letter de grifformeard-frijmakke tsjerke). Ek in diel fan de pipen binne fan dat ynstrumint ôfkomstich. Oare ûnderdielen wiene ôfkomstich fan it eigen Spiering-oargel (dy't by de bou âlder piipwurk brûkte) en fan it oargel fan de Amsterdamske Posthoarntsjerke (Jos Vermeulen, 1928). Fierder waard in Subbas út 1917 fan it Standaart-oargel fan de Lutherske Tsjerke fan Apeldoarn brûkt en de firma Stinkens út Zeist levere foar it oargel in nije Trompet.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: