Springe nei ynhâld

Grifformearde tsjerke (Grypskerk)

Ut Wikipedy
Grifformearde tsjerke
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Westerkertier
plak Grypskerk
adres Nicolaas Grijpstrjitte 24
koördinaten 53° 15' N 6° 18' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
Arsjitektuer
arsjitekt H. Rots
boujier 1938
Webside
Side tsjerklike gemeente
Kaart
Grifformearde tsjerke (Grinslân)
Grifformearde tsjerke

De Protestantske tsjerke oan 'e Nicolaas Grijperstrjitte is it tsjerkegebou fan 'e PKN yn Grypskerk yn 'e provinsje Grinslân.

De grutte byldbepalende sealtsjerke mei op de súdeastlike kant in klokketoer waard boud as grifformearde tsjerke en ferfong in âlder gebou oan 'e Legewei út 1901.

Yn desimber 2011 fusearren de Grifformearde Tsjerke Grypskerk, de Herfoarme gemeente Grypskerk (en omkriten) en de Grifformearde Tsjerke fan Pitersyl ta de Protestantske Gemeente Grypskerk en omkriten.[1] Sûnt 2012 is de grifformearde tsjerke de tsjerke fan de PKN-gemeente fan Grypskerk.

De Herfoarme tsjerke is yn 2019 oerdroegen oan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken. Yn 'e Herfoarme tsjerke wurde troch de PKN noch wol tsjinsten holden. De Grifformearde tsjerke fan Pitersyl oan 'e Lauwerswei 8 is yn 2010 bûten gebrûk steld en neitiid ferboud ta wente.

Wat letter waarden ek de grifformearde tsjerken fan Kommersyl en Nijesyl sletten en sûnt hearre ek dy gemeenteleden by de PKN fan Grypskerk.

Doe 't de hjoeddeiske tsjerke boud waard, namen de grifformearden it pneumatyske oargel fan 'e firma Rohlfing (Osnabrück) út de âlde tsjerke mei. It waard yn 1966 ferfongen troch in hiele nij mechanysk ynstrumint fan 'e firma Ernst Leeflang.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: