Springe nei ynhâld

Grifformeard-frijmakke tsjerke (Twizel)

Ut Wikipedy
De Regenboog
Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Achtkarspelen
plak Twizel
adres Dobbe 2
koördinaten 53° 14' N 6° 05' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Grifformearde Tsjerken frijmakke
status Sûnt 2023 bûten gebrûk as tsjerke
Arsjitektuer
arsjitekt G. Schaafsma, De Westereen
boujier 1984
Kaart
Grifformeard-frijmakke tsjerke (Fryslân)
Grifformeard-frijmakke tsjerke

De Regenboog wie de tsjerke fan 'e Grifformeard-frijmakke gemeente yn Twizel. Yn jannewaris 2023 fusearre de gemeente mei de doe noch Gifformeard-frijmakke gemeente fan Droegeham. It tsjerkegenoatskip sels fussearre wat letter yn it jier mei de Nederlânsk Grifformearde Tsjerken ta de Nederlânske Grifformearde Tsjerken. It tsjerkegebou yn Twizel waard troch it tsjerkegenoatskip al in skoft beskikber steld foar de opfang van Oekraïners.

De frijmakking fan 1944 as réaksje op 'e twang en útspraken fan de grifformearde generale synoade yn 1942 soarge ek yn Twizel foar in skuorring yn 'e grifformearde mienskip. Om't de mearderheid fan 'e tsjerkeried en de dûmny harren oansletten by it nij stifte grifformeard-frijmakke tsjerkegenoatskip foar de beswierre grifformearden, krigen hja de grifformearde Rehobothtsjerke tawiisd en moasten de grifformearden dy't trou bleaune oan 'e synoade (de saneamde "synodalen") om in oar hinnekommen sjen.[1]

In nije skuorring fûn plak yn 1967 yn 'e tiid dat dûmny Van den Belt yn 1962 yn 'e gemeente as predikant wurke. De dûmny wie foarstanner fan in befynlike prediking, itjinge foar konflikten yn 'e gemeente soarge. Yn 1967 ferliet de dûmny mei in grut part fan 'e gemeente de Grifformeard-frijmakke tsjerke. Dêrmei ûntstie de Frije Grifformearde gemeente, dy't ek it tsjerkegebou hold.[2]

De hjoeddeiske tsjerke fan 'e frijmakke gemeente fan Twizel datearret út 1984 en is neffens de tekeningen fan G. Schaafsma út De Westereen boud.[3]

Om 't der op it momint fan 'e fúzje noch altiten Oekraïners yn 'e tsjerke opfongen waarden, koe der gjin lêste tsjinst yn 'e Regenboog holden wurde.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: