Grifformeard-frijmakke tsjerke (Blije)
Griff.-frijmakke tsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
plak | Blije | |
adres | Haadstrjitte 21 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1950 | |
offisjele webside | ||
Grifformeard-frijmakke Gemeente Blije-Holwert |
De Grifformeard-frijmakke tsjerke oan de Haadstrjitte yn Blije is de tsjerke fan de Grifformeard-frijmakke Gemeente Blije-Holwert.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Wylst yn de oanbuorjende doarpen Holwert (1944) en Ferwert (1945) de frijmakking al earder plak fûn, waard yn Blije pas op 17 maaie 1946 de akte fan frijmakking ûndertekene. Dat barde troch 63 persoanen. De earste tsjerketsjinst folge op de snein dy't op de dei fan de ûndertekening fan de Akte fan Frijmakking folge. Ynearsten makke de gemeente gebrûk fan in lokaal yn it stasjonsgebou, mar letter hierden de frijmakken foar harren tsjinsten de herfoarme tsjerke.
Yn de simmer fan 1950 waard útein set mei de bou fan in eigen tsjerke, dy't op 16 novimber 1950 yn gebrûk nommen waard.
Foar in koarte tiid hie Blije in eigen dûmny, mar meastentiids dielde Blije de dûmny mei de frijmakke gemeente fan Holwert. Op 15 septimber 1979 waarden de gemeenten Blije en Holwert gearfoege ta ien gemeente.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|