Grienskonk

Ut Wikipedy
Grienskonk
Common Greenshank I IMG 1611.jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Wilstereftigen (Charadriiformes)
Famylje: Snipfûgels (Scolopacidae)
soarte
Tringa nebularia

De Grienskonk (Tringa nebularia) is in fûgel út de famylje fan de Snipfûgels (Scolopacidae).

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In folwoeksen Grienskonk wurdt sa'n 35 sm. grut, krekt wat grutter as de Tsjirk. De wjukspanwiidte is sa'n 70 sm en de fûgel waacht in 280 gram. De fûgel hat griisgriene poaten en in lange snaffel dy't krekt in bytsje nei boppe bûget. De boppekant fan de fûgel hat griisbrune fearren, de ûnderkant is in stik ljochter, hast wyt fan kleur. De Grienskonk kin ek swimme en dûke, dit lêste dogge se benammen at se achternei sitten wurde troch in rôffûgel.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Grienskonk libbet benammen yn ûndjip wetter sa as sompen, marren en rivieren yn it noarden fan Jeropa, útsein Yslân. By't winterdei lûke guon fûgels nei West en Súd-Jeropa, de measten oerwinterje lykwols yn de tropen.

Groenpootruiter Tringa nebularia Jos Zwarts 2.tif

Iten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Grienskonk yt wjirms, kreeften en ynsekten en harren larven. Ut en troch pakt er mei syn lange snaffel ek wol lytse fiskjes út it ûndippe wetter.

Fuortplanting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De briedtiid is fan maaie oant july. It nêst is in kûltsje op de grûn mei wat plantemateriaal oanklaait. It wyfke leit fjouwer 5 sm. grutte aaien, dy't troch de beide âlden sa'n 24 as 25 dagen bebret wurde. De jongen ferlitte fuortendaliks de earste dei al it nêst.

Tringa nebularia

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Grienskonk