Springe nei ynhâld

Gribskov (gemeente)

Ut Wikipedy
Gribskov
flaggewapen
lokaasje
polityk
lân Denemark
regioHaadstêd
boargemasterAnders Gerner Frost (sûnt 2018)
sifers en geografy
haadplakHelsinge
grutste plakHelsinge
ynwennertal41.217 (2018)
oerflak279,44 km²
skiednis
oprjochte2007
oar
tiidsôneUTC +1
simmertiidUTC +2
websidewww.gribskov.dk

Gribskov is mei in oerflak fan 279,44 km² de grutste gemeente yn Nordsjælland yn de regio Haadstêd (Deensk: Region Hovedstaden) yn Denemark. De gemeente waard by de weryndieling fan 2007 foarme en ûntstie troch gearfoeging fan de eardere gemeentes:

  • Græsted-Gilleleje;
  • Helsinge.

Yn de gemeente wenje likernôch 41.000 ynwenners.

De gemeente Gribskov leit westlik fan de gemeente Helsingør en eastlik fan de gemeente Halsnæs, wylst de noardlike begrinzging foarme wurdt troch de kustline mei it Kattegat. It noardeastlike diel fan de Arresø leit yn de gemeente. Grutte dielen fan it Nasjonale park Kongernes Nordsjælland leit yn de gemeente.

Yn de gemeente leit in grutte konsintraasje fan hunebêden en grêfhichtes. Yn dit ferbân is Valby Hegn it neamen wurdich, in lyts natoergebiet yn de omkriten fan Helsinge mei net minder as sân hunebêden út it neolityske Stiennen Tiidrek.

Grutste plakken yn de gemeente
NrPlaknammeYnwenners (2014)
1Helsinge7.881
2Gilleleje6.491
3Græsted3.526
4Dronningmølle-Munkerup1.702
5Ramløse1.636
6Tisvilde1.531
7Annisse Nord1.441
8Smidstrup1.333
9Esbønderup1.170
10Udsholt Strand1.161


Boarnen, noaten en/as referinsjes: