Grande (weardichheid)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In grande (Spaanske útspr.: ['ɡɾande], likernôch: "gran-dee"; Portegeeske útspr.: ['ɡɾɐ̃dɨ], likernôch: "grundi"; betsjutting: "grutte") is in offisjele aristokratyske weardichheid dy't troch de Spaanske Kroan takend wurdt oan guon fan 'e heechste eallju yn Spanje. Yn it ferline bestie de titel fan 'grande' ek yn Portegal en Brazylje. 'Grande' wie net in aadlike titel, lykas hartoch of greve, mar in tafoeging dêrop, dy't de drager útsûnderlik grutte privileezjes joech. Eallju oan wa't dizze waardichheid takend wie, hiene mear maatskiplike en politike rjochten as lykfol hokker oare eallju yn Jeropa.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.