Springe nei ynhâld

Graceland Cemetery (Chicago)

Ut Wikipedy
Graceland Cemetery
lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Illinois
county Cook County
plak Chicago
adres 4001 North Clark Street
koördinaten 41°57′16″ N 87°39′44″ W
bysûnderheden
type begraafplak algemien begraafplak
yn gebrûk 1860
oerflak 48 ha
monumintale status NRHP
monumintnûmer 00001628
eigner Gemeente Chicago
offisjele webside
www.gracelandcemetery.org
kaart
Graceland Cemetery (Chicago)
Graceland Cemetery
Lokaasje yn Chicago.

It Graceland Cemetery (Ingelsk foar "Begraafplak Graceland") is in bekend Fiktoriaansk begraafplak yn 'e Amerikaanske stêd Chicago. It leit yn 'e wyk Uptown, noard fan it sintrum, mei de haadyngong op it adres 4001 North Clark Street, by de krusing fan Clark Street mei Irving Park Road. It begraafplak beslacht in oerflak fan 48 ha (121 acres), en waard yn 1860 yn gebrûk nommen. Hjoed de dei hat it de status fan monumint. It waard op 18 jannewaris 2001 opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken (NRHP). It Graceland Cemetery foarmet it lêste rêstplak fan ferskate bekende ynwenners fan Chicago.

It Graceland Cemetery waard yn 1860 yn gebrûk nommen, doe't it rom bûten de beboude kom fan Chicago lei. It wie yn dy tiid ien fan trije grutte begraafplakken oan of bûten de stedsrâne, dy't no allegear hast midden yn 'e stêd lizze. De oare beide binne it Rosehill Cemetery, fierder nei it noarden ta, en it Oak Woods Cemetery besuden Hyde Park. Fuort besuden Graceland, oare kant Irving Park Road, lizze al sûnt 1851 twa lytsere begraafplakken, it troch protestantske Dútsers stifte Wunder's Cemetery en it Joadske Graceland Cemetery, dy't faninoar skaat wurde troch in stek. Fierders waard yn 1863 fjouwer stedsblokken benoarden Graceland, by de krusing fan Clark Street en Lawrence Road, it roomske Saint Boniface Cemetery yn gebrûk nommen.

Yn 'e njoggentjinde iuw ried de trein fan 'e Chicago and Evanston Railroad by de eastkant fan it Graceland Cemetery lâns. Dy ferbining waard brûkt om deakisten en roufolk út Chicago wei nei it begraafplak te ferfieren. Der wie dêrom yn dy tiid in tagong ta it begraafplak oan 'e eastkant, dy't letter tichtmakke is. (Tsjintwurdich folget de Reade Line fan 'e metro fan 'e saneamde Chicago "L" likernôch deselde rûte as it eardere spoar, mei deunby it Graceland Cemetery de halte Sheridan.)

Nei de Grutte Brân fan Chicago, yn 1871, waard Lincoln Park, dat oant dy tiid it wichtichste begraafplak fan Chicago west hie, ûntwijd, en in diel fan 'e grêven dêrwei waard doe ferpleatst nei Graceland. Lincoln Park waard neitiid ta park makke en foar rekreaasje brûkt, en dêr bleau mar ien grêf oer, de saneamde Couch Tombe, mei de stoflike resten fan Ira Couch. Dat is tsjintwurdich nei alle gedachten it âldste bouwurk fan Chicago, mei't fierder alles yn 'e Grutte Brân ferlern gie. It Graceland Cemetery is fierders it lêste rêstplak fan ferskate slachtoffers fan 'e tragyske Brân yn it Iroquois Teäter, yn 1903, dêr't mear as 600 minsken by omkamen.

It Graceland Cemetery is typearjend foar begraafplakken út 'e Fiktoriaanske Tiid. Ynstee fan 'e eardere skealike hoekjes lân dêr't de grêven suver boppe-op inoar leine en de grêfsarken min ûnderholden waarden, is it rom, grien en goed ûnderholden, suver in park allyk, dat ûntwurpen is troch lânskipsarsjitekt Ossian Cole Simonds. De grêfstiennen en mausoleä steane wiid útinoar, sadat der romte oerbliuwt foar beskate foarmen fan rekreaasje. Sa komme der geregeldwei lju del om tusken de grêven te picknicken. It begraafplak wurdt omjûn troch in mânselhege muorre, bekroane mei in smei-izeren stekje mei spearpunten dy't omheech útstykje.

In protte fan 'e tomben en mausoleä op it Graceland Cemetery binne fan grutte arsjitektoanyske of artistike wearde. Foarbylden binne de Getty Tombe en it Martin Ryerson Mausoleum (beide ûntwurpen troch arsjitekt Louis Sullivan, dy't sels ek op it begraafplak begroeven leit), en it Schoenhofen Pyramidemausoleum. Opmerklik binne fierder de beide stânbylden makke troch byldhouwer Lorado Taft, dy't op it Graceland Cemetery steane: Ivige Stilte makket diel út fan 'e tombe fan 'e famylje Graves, wylst De Krúsfarder op it lêste rêstplak fan kranteman Victor F. Lawson stiet.

Bekende persoanen begroeven op it Graceland Cemetery

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It mausoleum fan sakeman Potter Palmer en syn frou Bertha Honoré Palmer.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further reading, op dizze side.