Springe nei ynhâld

Goya (skip út 1940)

Ut Wikipedy
Goya
algemiene ynformaasje
flagge Noarwegen
Dútske Ryk
skiednis
werf Akers mekaniske verksted, Oslo
yn de feart 4 april 1940
út tsjinst 16 april 1945 (sonken)
status Sonken en tsjintwurdich kriichsmonumint
bysûnderheden en sifers
type frachtskip
lingte 146 meter
breedte 17,4 meter
maks. faasje 18 knopen

De Goya wie in frachtskip fan de rederij A/S J. Ludwig Mowinckels Rederi yn Bergen (Noarwegen). It op de werf Akers mekaniske Verksted boude skip waard ferneamd nei de Spaanske skilder Francisco de Goya en op 4 april yn 'e feart nommen.

It skip waard op 16 april 1945 mei dêrop tûzenen flechtlingen troch in Sovjet-ûnderseeboat troffen. By de ûndergong fan de Goya ferstoaren mear a 7.000 minsken. De ûndergong fan de Goya jildt as ien fan de grutste rampen yn de seefeart.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de besetting fan Noarwegen troch Nazy-Dútslân yn april 1940 waard de Goya troch de Dútske marine yn beslach nommen. It skip waard ynearsten ynset foar it troepentransport en dêrnei yn Memel by de oefeningen fan in ûnderseeboat-trainingsienheid brûkt as doelskip. Yn de lêste moannen fan de kriich waard it skip brûkt om Dútsers út de eastlike provinsjes te evakuëren. Yn febrewaris 1945 krige de oant dan ta net bewapene Goya ienfâldige loftôfwar-bewapening mei in lytse militêre besetting foar de betsjinning dêrfan. Nei't it skip nei fjouwer reizen al 19.875 minsken nei it westen brocht, waard it skip by de fyfte reis op 16 april 1945 troch de Sovjet-ûnderseeër L-3 ta sinken brocht. Dêrby kamen likernôch 7.000 minsken om.

Lêste opdracht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It skip soe yn april 1945 ferwûne soldaten, flechtlingen en 200 famyljeleden fan it pânserrezjimint 35 út West-Prusen evakuearje. It krekte tal minsken op it skip is net bekend, op it lêste momint waarden der mear as 7.000 minsken teld. Wylst de minsken op it skip stapten lei de haven fan it skiereilân Hel oan it ein fan de bocht fan Gdańsk ûnder oanduorjende besjittings. Tsjin 08:30 oere waarde de Goya troch in bom troffen, dy't in gat sloech yn it boppedek en de apparatuer foar de minebeskerming fernielde.

Tsjin 19:00 oer begûn it konfoai te farren, dat bestie ut de Goya, it steamskip de Kronenfels (boujier 1944) en de wettertanker Ägir (boujier 1942). De trije skippen waard begelaat fan twa minefegers. De snelheid fan it konfoai moast oanpast wurde oan it meast stadige skip en dat wie de Kronenfels mei in gong fan mar 9 knopen. De skippen wiene folslein fertsjustere en farden rjochting Swinemünde. Om 23:00 oere hinne waard opdracht jûn nei Kopenhagen te farren. Fanwegen skea oan de masjines hold de Kronenfels it konfoai ek nochris 20 minuten op. Fuort nei't de reparaasje klear wie en it konfoai fierder farre koe, waard de Goya oanfallen.

Om 23:52 Uhr fjurre de Sovjet-ûnderseeër L-3 ûnder lieding fan kommandant Vladimir Konovalov fjouwer torpedo's op de Goya ôf. Twa rekken it doel en de earste treffer briek de kyl yn 't foaryn, de twadde trof it midden fan it skip. Yn mar sân minuten tiid sonk it skip yn de trije graden kâlde Eastsee.

Nei't it konfoai it gefaarlike diel efter him liet, farden de eskorteskippen werom nei it plak dêr't de Goya troffen wie om te sykjen nei minsken dy't de ramp oerlibbe hiene. Mar 183 minsken waarden út it iiskâlde wetter helle. Neffens opjeften fan it eskorteskip M 328 waarden meiïnoar 157 libbene minsken rêden, wêrfan't nochris njoggen oan ûnderkuolling ferstoaren. Yn de rin fan 17 april waarden troch oare boaten noch 28 oare minsken út it wetter fiske. Dêrmei kaam it tal op 176 minsken dy't redden binne. It krekte tal slachtoffers is net te berekkenjen fanwegen de ûnkrekte registraasje.

Alhoewol't Konovalov foar it sinken fan de Goya mei de heechste ûnderskieiding fan de Sovjet-Uny ûnderskieden waard, wie it sinken troch de Sovjet-Uny lang in kwestje fan striid.

Op 26 augustus 2002 waard de Goya troch Poalske dûkers op in djipte fan 76 meter ûndekt. It skipskompas waard doe nei boppe helle.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Goya (Schiff, 1940)