Springe nei ynhâld

Golf fan Triëst

Ut Wikipedy
Golf fan Triëst
geografy
type wetter baai
lokaasje n.e. fan Adriatyske See,
   foar de kust fan Triëst
lân Itaalje
Sloveenje
koördinaten 45°40′ N, 13°35′ E
ûnderdiel fan Golf fan Feneesje
sifers
maks. lingte 25 km
maks. breedte 25 km
oerflak 550 km²
djiptegemiddelde 18,7 m
djipste punt 37 m
wetterfolume 9.500 km³
De Golf fan Triëst en de kust.
De Golf fan Triëst en de kust.

De Golf fan Triëst (Italjaansk: Golfo di Trieste, Sloveensk: Tržaški zaliv) is in ûndjippe baai dy't part is fan de Adriatyske See, it meast noardlike diel fan de Middellânske See. De Golf fan Triëst is part fan de Golf fan Feneesje, de kustline is ferdield oer Itaalje, Sloveenje en Kroaasje.

De streaming giet tsjin de klok yn en hat in faasje fan trochsneed 0,8 knopen it oere. It ferskil tusken eb en floed is sa'n 60 sintimeter. It sâltgehalte yn de Golf is gewoanwei 37 à 38 promille, mar simmers ûnder de 35‰.

Utsein in stikmannich flakke eilantsjes dy't in barriêre foarmje nei de Laguna di Grado (Sloveensk: Gradeška laguna) hat de golf gjin eilannen fan betsjutting. Foar Triëst en de Sloveenske kust lizze de Baai fan Muggia, de Baai fan Koper en de Baai fan Piran.

De krekte lizzing fan de lânsgrinzen yn de Golf fan Triëst is wat striderij oer.

Opfettings oer de rin fan de lânsgrinzen yn de Golf fan Trëst