Goede Hoedertsjerke (Ulrum)
Goede Hoedertsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Grinslân | |
gemeente | It Hegelân | |
plak | Ulrum | |
adres | Leensterweg | |
koördinaten | 53° 21' N 6° 20' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | L. Reitsma | |
boujier | 1901 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 509489 | |
Webside | ||
PKN Ulrum-Niekerk-Vierhuizen | ||
Kaart | ||
De Goede Hoedertsjerke (Goede Herderkerk) is de eardere grifformearde tsjerke fan de yn Ulrum yn de provinsje Grinslân. It is tsjintwurdich ien fan 'e tsjerken fan 'e PKN-gemeente Ulrum-Niekerk-Vierhuizen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard nei de doleânsje neffens it ûntwerp fan Lammert Reitsma boud, de heit fan 'e bekendere arsjitekt Egbert Reitsma. De hjoeddeiske tsjerke ferfong in âlder tsjerkegebou op in oar plak. It ûntwerp hâldt fral de foarmen fan de neorenêssânse oan.
Oarspronklik wie de tsjerke rjochthoekich fan foarm. Yn 'e jierren 1926-1927 waard in útwreiding needsaaklik. Heaks op it besteande gebou waard doe in dwersskip boud, sadat de eardere sealtsjerke in T-foarm krige. De tsjerke krige doe ek in nije ynrjochting en de preekstoel ferhûze mei it oargel nei de westlike kant fan 'e tsjerke. Letter binne der oan de noardlike kant bygebouwen tafoege, lykas it yn 1978 boude trefsintrum.
De toer fan 'e tsjerke is heal ynboud en hat in achtsidige boppebou mei spits. It ynterieur fan 'e tsjerke is letter feroare mar fierder frij geef en de opstelling fan 'e banken bleau itselde.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke hat in oargel út 1889 dat troch Van Dam út Ljouwert boud waard. Yn 1967 fergrutte Mense Ruiter it oargel mei in twadde klavier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|