Goede Hoedertsjerke (Bedum)

Ut Wikipedy
Goede Hoedertsjerke

Goede Herderkerk

bouwurk
Goede Hoedertsjerke (Bedum).jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Groningen.svg Grinslân
gemeente Het Hogeland vlag.svg It Hegelân
plak Bedum
adres Schultingastraat 1
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1937–1938
arsjitekt Egbert Reitsma (ûntwerp) en Albert Wiersema (útfierder)
boustyl Amsterdamske Skoalle , Delftse Skoalle
monumintale status Monumentenbordje 2014.svg ryksmonumint
monumintnûmer 510684 [1]
offisjele webside
Side de Grifformearde Kring Grinslân

De Goede Hoedertsjerke (ek Noardertsjerke) is in grifformeard tsjerkegebou yn Bedum yn de provinsje Grinslân. De tsjerke waard yn de styl fan de Amsterdamske Skoalle en de Delftse Skoalle boud en is in ryksmonumint.

Gebrûk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjerke waard boud as Noardertsjerke foar de grifformearde tsjerke fan Bedum. Tusken 1998 en 2011 wie de tsjerke yn gebrûkt troch de frijmakke tsjerke fan Bedum. Op 11 july 2014 waard it gebou oerdroegen oan de Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.[2] Tsjintwurdich wurdt de tsjerke brûkt troch De Grifformearde Tsjerke Grinslân. De tsjerke is oansletten is by De Grifformearde Tsjerken yn Nederlân en hold ynearsten de tsjinsten yn Adorp mar troch de groei hie de mienskip in grutter gebou nedich.

Gebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

It as Noardertsjerke boude monumint waard yn 1966 omdoopt ta Goede Hoedertsjerke. De tsjerke is ien fan de opmerklike moderne bouwurken dy't de grifformearden yn de jierren 1930 bouwe lieten. Arsjitekt fan it gebou mei it grûnplan fan in gryksk krús is Egbert Reitsma út Grins, dy't earder de Ljouwerter Pelikaantsjerke ûntwurp. De Bedumer Albert Wiersema fierde de bou út. Op de súdeastlike hoeke krige it gebou in toer mei sealtek. Oan de súdlike kant binne der bygebouwen foar de kategisaasje en de tsjerkeried. De tsjerke is op de bygebouwen nei fierder oarspronklik en jout plak oan 600 minsken.

De brânskildere ramen binne ek troch Reitsma ûntwurpen en litte bibelske foarstellings út it Alde Testamint sjen. De foarstellings binne figuratyf, itjinge foar in grifformeard gebou útsûnderlik is.

Yn 2003 binne by in renovaasje de oarspronklike kleuren hersteld.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn de jierren 1941-1942 troch Valckx & van Kouteren boud. Yn 1969 fûn in restauraasje plak en op oantrunen fan de organist fan de tsjerke in útwreiding fan de disposysje. Yn de jierren 1980 waard it oargel op 'e nij feroare en krige it ynstrumint mei gebrûk fan materjaal fan oare oargels twa manualen mei twintich registers. Yn 1995 folge in lêste útwreiding mei tafoeging fan in Trompet Magna 8 (in hegedrukregister) op it tredde manuaal.[3]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: