Springe nei ynhâld

Goatsjerke Sint-Ulrich

Ut Wikipedy
Goatsjerke Sint-Ulrich
Lokaasje
lân flagge fan Dútslân Dútslân
dielsteat Noardryn-Westfalen
plak 33098 Paderborn
adres Markt 12
koördinaten 51° 43' N 8° 45' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
aartsbisdom Paderborn
patroanhillige Ulrich fan Augsburch
Arsjitektuer
arsjitekt Franz Christoph Nagel (barok portaal)
boustyl romaansk, barok
Webside
katholisch-in-paderborn.de
Kaart
Goatsjerke Sint-Ulrich (Noardryn-Westfalen)
Goatsjerke Sint-Ulrich

De Goatsjerke fan Sint-Ulrich (Dútsk: Gaukirche, ek: Gokirche, Gokerken of ecclesia ruren) is in tsjerkegebou yn 'e Westfaalske stêd Paderborn. De tsjerke stiet oan 'e Merk (Markt) foar de domtsjerke oer.

De oarsprong fan 'e tsjerke leit yn 'e dize en kin net op basis fan in âlde oarkonde fêststeld wurde. De hjoeddeiske tsjerke wurdt neffens de styl op 'e ein fan 'e 12e iuw rûsd. De Goatsjerke lei súd fan it gebiet fan 'e domfrijheid, dêr't eartiids allinne it geastlike gesach hearske. Oars as de biskopstsjerke wie de Goatsjerke sûnt de 10e iuw de parochytsjerke fan it folk yn 'e Padergoa.

By de tsjerke waard yn 1229 troch Hermann von Waldeck in sistersjinzersk kleaster stifte, dat befolke waard mei nonnen út Múnster. Sûnt 1231 waard de Goatsjerke in kleastertsjerke. Der feroare fierder net in soad oan 'e tsjerke, mar yn 'e 14e iuw waarden de Ursulakapel yn it noarden en de Krúskapel yn it suden tafoege. Om 1500-1515 hinne namen Benediktinen it kleaster oer.

Middenskip.

Under lieding fan 'e arsjitekt Franz Christoph Nagel (1699–1764) waard yn opdracht fan prinsbiskop Clemens August in barokke gevel foar de tsjerke boud. Ek krige de tsjerke yn dy tiid in barokke ynrjochting. In smelle spits waard yn 1787 ferfongen troch in barokke helm.

Mei de anneksaasje fan it foarstbisdom Paderborn troch Prusen yn 1802-1803 kaam der in ein oan it kleaster. It kleaster waard yn 1810 sekularisearre, doe't Paderborn ûnderdiel wie fan de Frânske fazalsteat Keninkryk Westfalen (1807-1813). Tusken 1883 en 1887 waard de tsjerke restaurearre. De barokke ynrjochting ferdwûn en neogoatyske en histoaryske boueleminten waarden tafoege. Ek krige de toer in nije spits, mar minder heech as dy fan foar 1787. Yn 'e tsjerke waard yn it noardlike sydskip in nije oargelkreake boud. It barokke alter gie nei Múnster en stiet dêr noch altiten yn 'e Dominikaner tsjerke. Der is letter besocht om it alter werom te heljen, mar om 'e nocht.

De measte neogoatyske tafoegings binne yn 1938 wer ferwidere. By dy restauraasje waard ûnder de lagen witerskalk de 13e-iuwske beskildering ûntdutsen.

By de bombardeminten op Paderborn yn 'e Twadde Wrâldkriich rekke de tsjerke slim skansearre. Sûnt 1947 fûn de werbou plak dêr't in lang skoft mei hinne gie. Opfallend is dat de spits fan de tsjerketoer doe minder heech waard.

De tsjerke is fan oarsprong in romaansk gebou mei in pear belangrike, barokke tafoegings. De tagong leit oan it plein troch in barokke fourbou fan Franz Christoph Nagel. De tsjerke sels is in trijeskippige pylderbasilyk mei stiennen ferwulften. De toer is achthoekich en is boppe it westlike travee fan it middenskip boud. Foar in part stiet de tsjerke frij en foar in diel grinzgje oare gebouwen oan 'e tsjerke. Op 'e súdlike kant stiet noch in part fan it eardere kleaster, dat troch Nagel ferboud waard.

Neogoatysk tabernakel.
  • De kommunybanken waarden yn 'e 18e iuw makke.
  • Yn 'e Ursulakapel stiet in alteropset út 1675 mei in barok skilderij fan de giseling fan Kristus.
  • It retabel mei foarstellings fan Marije waard yn 1894 troch Anton Hellwig makke.
  • De sânstiennen sakramintsnis út de twadde helte fan 'e 15e iuw hat neogoatyske bylden en emaille-doarkes út 1938.
  • It sânstiennen doopfont is 18e-iuwsk en it doopstek fan 1740.
  • It foarkekrús fan nutehout datearret út it earste fearn fan 'e 14e iuw, de kleuren binne letgoatysk.
  • In sânstiennen Marijebyld waard yn 1420 op 'e nij beskildere.
  • In steand Marijebyld fan 1700 wurdt oan Gertrud Gröninger taskreaun.
  • Anton Momann boude yn 1903 de krusigingsgroep.

De fjouwer klokken binne op dy fan 'e dom ôfstimd en liede yn it saneamde Salvi Regina-motyf.

Nû.
 
Jitjier
 
Jitter en jitplak
 
Trochsnit
(mm)
Gewicht
(kg)
Nominaal
(HT-1/16)
1 1972 Petit & Gebr. Edelbrock, Gescher 1362 1550 d1 +3
2 1949 Petit & Gebr. Edelbrock, Gescher 1090 800 fis1 +1
3 1949 Petit & Gebr. Edelbrock, Gescher 907 430 a1 +3
4 1949 Petit & Gebr. Edelbrock, Gescher 791 290 h1 +2

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Gaukirche St. Ulrich (Paderborn)