Springe nei ynhâld

Iistiid

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Glasiaasje)
In artistike ympresje fan 'e Ierde yn in iistiid op it glasiaal maksimum.
Dizze side giet oer in geologyske perioade wêryn't iiskappen besteane. Foar oare betsjuttings, sjoch: iistiid (betsjuttingsside).

In iistiid, iistiidfak of glasiaasje (fan it Frânske glaciation, "iistiid") is in geologysk tiidrek mei in langduorjende ferleging fan 'e temperatuer fan it oerflak fan 'e Ierde en de atmosfear dêromhinne. Dat resultearret yn 'e foarming fan iiskapen op 'e poalen en gletsjers yn 'e heechberchtmen. De Switser Louis Agassiz (1801-1873) wurdt ornaris sjoen as de betinker fan it begryp 'iistiid', hoewol't syn wurk foar in part stipe op 'e befinings fan syn tiidgenoaten.

Dat der op 't heden iiskapen en gletsjers besteane, bgl. op Grienlân en Antarktika, betsjut dat wy tsjintwurdich ek yn in iistiid libje, om persiis te wêzen de Kwartêre Iistiid, dy't likernôch 2.588.000 jier lyn úteinsette. Foartiid ferkearde de Ierde yn 'e gryp fan in saneamde broeikasperioade, wêryn't it oeral folle waarmer wie as no en it seenivo folle heger wie as no om't der gjin wetter yn iiskapen fêstholden waard. Yn 'e geology fan 'e Ierde wikselje sokke (tige lange) waarme en kâlde perioaden inoar ôf.

Yn 'e folksmûle wurdt it begryp 'iistiid' lykwols ornaris brûkt foar wat yn 'e wittenskip in glasiaal neamd wurdt: in kâldere perioade binnen in iistiid. Yn iistiden wikselje sokke kâldere perioaden en waarmere snuorjes, dy't ynterglasialen neamd wurde, inoar nammentlik ôf. De Lêste Glasiaal (dy't troch leken faak oantsjut wurdt as de lêste iistiid) bestie fan 117.000 oant 11.700 jier lyn. Sûnt dy tiid libje wy yn in ynterglasiaal, dy't sels ek wer in lytse kâldere tuskenperioade hân hat: de saneamde Lytse Iistiid, fan 'e fyftjinde oant de njoggentjinde iuw. It temperatuerferskil wie doe lykwols sa lyts dat it op geologyske skaal net meirekkene wurdt as in glasiaal.

Yn 'e geologyske skiednis fan 'e Ierde hawwe der teminsten seis iistiden west wêryn't de iiskapen fan 'e poalen har útstrieken oant yn 'e tuskenbeiden klimaatsônes. Dêrby giet it (weromgeand yn 'e tiid) om:

Ut it Kryogenium binne bewizen fûn fan iiskapen dy't rikten oant yn wat no de tropen binne.

De râne fan 'e iiskape op Grienlân, by Kangerlussuaq.

De oarsaken foar it foarkommen fan iistiden binne kompleks en ferskaat. De wichtichste faktoaren binne: de lizzing fan 'e kontininten (sûnder lân yn 'e poalstreken kinne har gjin iiskapen foarmje), de gearstalling fan 'e atmosfear (der moat in lege konsintraasje koalstofdiokside wêze) en astronomyske fariaasjes (de stân fan 'e Ierde yn ferhâlding ta de sinne). Mar yn elts iistiidfak binne de omstannichheden oars en soms kinne spesifike oarsaken oanwiisd wurde. Iistiden hawwe yn 'e regel fiergeande gefolgen foar it miljeu op 'e Ierde, sawol út in geologysk as út in biologysk eachpunt wei besjoen. Sa kin sawol it begjin as de ein fan in iistiid massa-ekstinksjes fan biste- en plantesoarten feroarsaakje.

Oer it algemien kinne begjin en ein fan sawol iistiden as glasialen mei in romme foutmarzje foarsein wurde. Sa soe normaliter de folgjende glasiale perioade fan 'e Kwartêre Iistiid oer sa'n 50.000 jier begjinne moatte. Dat liket no lykwols tige twifelich, mei't der troch minsklik tadwaan safolle hjittefêsthâldende gassen nei de atmosfear en de oseänen útstjitten binne dat de natuerlike wikselwurking tusken glasialen en ynterglasialen wierskynlik út it lead skuord is.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.