Glane (Nederlân)
Glane | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Losser | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 505 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oerflak | 4,31 km² dêrfan lân: 4,31 km² dêrfan wetter: 0 km² | |
Befolkingsticht. | 117 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 13' NB, 7° 0' EL | |
Kaart | ||
Glane (Nedersaksysk: De Glaan) is in doarp yn Twinte yn de gemeente Losser. Glane hat 505 ynwenners (2023).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kearn fan Glane ûntjoech him doe 't húshâldingen út Noard-Nederlân har yn Glane festigen om yn it neistlizzende Dútske Gronau yn de tekstylyndustry oan it wurk te gean. Yn it lytse doarp stiet it eartiids roomsk-katolike kleaster St. Olaf mei in kleasterkapel út 1911. Yn 1921 droegen de Noarske susters harren kleaster oer oan de Paters Maristen.
Yn 1970 kaam it ûnderwilens sletten seminaarje yn hannen fan it tekstylfabryk Van Heek. Sûnt 1984 is it kompleks yn gebrûk as it Syrysk-Ortodokse kleaster St. Ephrem de Syriër mei de yn 1994 boude Syrysk-ortodokse Mariatsjerke. Yn dit kleaster residearret de Syrysk-ortodokse aartsbiskop yn Nederlân, Polycarpus Augin Aydin. Yn it mausoleum fan dit kleaster binne Julius Yeshu Çiçek, de earste aartsbiskop fan de Syrysk-Ortodokse Tsjerke fan Antiochje yn Midden-Europa en Athanasius Yeshu Samuel, de earste aartsbiskop fan de Syrysk-otterdokse Tsjerke yn de Feriene Steaten en Kanada, nei harren dea byset.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Losser | ||
---|---|---|
Doarpen: Beuningen • Glane • Losser • De Lutte • Overdinkel | ||
Buorskippen: Glane-Beekhoek • Mekkelhorst • De Poppe • De Zoeke | ||
Wetter: Bethlehemschebeek • Elsbeek • Dinkel • Glanerbeek • Ruhenbergerbeek • Snoeijinksbeek | ||
· · |