Springe nei ynhâld

Gjalt Wiegers van der Mei

Ut Wikipedy

Gjalt Wiegers van der Mei (Moarrewâld, 14 desimber 1859 – dêre, 25 oktober 1938) wie mei-oprjochter en bestjoerslid fan meardere wetterskippen en organisaasjes yn Moarrewâld en omkriten.[1][2]

Hy buorke op de pleats oan de mr P.T. Van der Herberglaan en as leechsteand pân op 15 juny ôfbaarnde. Van der Mei wie meioprjochter en bestjoerslid fan meardere wetterskippen, ûnder oare De Yndyk ûnder Ikkerwâld, oprjochte yn septimber 1904, dêr't hy oant syn ferstjerren foarsitter fan wie. Hy wie bestjoerslid fan De Lege Miede, fan it wetterskip De Broek (1906), fan it foarlopich bestjoer fan it wetterskip It Easter Reidfjild yn novimber 1908. By de oprjochting fan it wetterskip It Suder- en Easter Reidfjild yn july 1912 waard hy foarsitter. By syn ôfskied op 27 febrewaris 1933 wie hy noch foarsitter. Hy hie sitting yn de kommisje dy't op 3 septimber 1912 gear kaam om yn De Falom de oprjochting fan wetterskip Unlâns Opfeart te besprekken. Yn augustus 1914 waard hy bestjoerslid fan wetterskip De Dammeleane, dêr't er foarsitter fan wie oant er him yn 1934 net wer kiesd wurde woe. Op 29 oktober 1928 wie yn Hurdegaryp de ferkiezing fan 10 folmachten fan it wetterskip It Bûtenfjild. Gjalt Wiegers van der Mei waard ien fan de keazenen. By syn ôfskied hjirfan ein 1937 waard hy beaneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau.[3]

Under oare yn 1933 wie hy bestjoerslid fan wetterskip Iewâl ûnder Rinsumageast. Gjalt Wiegers van der Mei hie ek oare bestjoersfunksjes. Sa wie hy yn 1906 sekretaris fan de Folksbank yn Moarrewâld en foarsitter fan it koöperative bûterfabryk 'De Dokkumer Wâlden' yn Ikkerwâld. Yn augustus 1916 waard yn Moarrewâld in koöperative Feriening ta Oanfier fan Feefoer oprjochte, wêrfan Gjalt Wiegers van der Mei as besjoerslid beneamd waard. Hy wie diaken fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke yn Moarrewâld. Op 17 novimber 1895 waard hy notabel, op 8 desimber 1895 tsjerkefâd en op 2 desimber 1901 presidint-tsjerkefâd. Gjalt Wiegers van der Mei liet foar syn soan Johannes Gjaltjs van der Mei de pleats Dwersleane 2 sette.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: