Iewâl (wetterskip)
Appearance
Iewâl (offisjeel Eewal) wie in boezumwetterskip fan 1000 hektare yn de gemeentes Dantumadiel en Dokkum.
It wetterskip waard yn 1916 oprjochte om jild te krijen foar de oanlis fan in klinkertwei fan Burdaard nei Dokkum om sa it oanswettende lân te ûntsluten. De gemeenten hawwe it ûnderhâld fan de dyk, de Eewal, nei de oanlis yn 1920/21 op 'e noed nommen. Iewâl hoegde allinnich non rinte en ôflossing te beteljen fan de oangiene liening.
It wetterskip waard yn 1972 opheft en gie doe op yn wetterskip De Wâlden. [1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Eewal.
|