Springe nei ynhâld

Gisko (ferstoarn yn 239 f.Kr.)

Ut Wikipedy

Gisko wie in Kartaachske generaal dy't tsjinne hie yn de lêste jierren fan de Earste Punyske Oarloch tsjin de Romeinske Republyk, en yn de Hierlingekriich. Hy wie in boarger fan de stedsteat Kartago. Syn bertejier en syn âldens by syn ferstjerren binne net bekend, allyk oer syn libben ear't er warber waard yn de Earste Punyske Oarloch.

Hy wie de generaal fan de Kartaachske striidkrêften yn Sisylje dy't syn basis yn Lilybaeum, hjoed-de-dei Marsala, hie, ûnder oerbefelhawwer Hamilkar Barka. Hy late de Kartaachske striidkrêften yn it Belis fan Lilybaeum (250-241 f.Kr.) en de Slach by de Egadyske Eilannen (241 f.Kr.), dy't Kartago beide ferlear. Mei dy lêste slach einige de Earste Punyske Oarloch. Hamilkar Barka waard troch de Kartaachske Senaat hjitten en ûnderhannelje foar frede. Hamilkar waard brûkel en liet de ûnderhannelings oan Gisko oer, sa't dy dan ek die by it Ferdrach fan Lutatius. Dêrnei moast Gisko de Kartaachske striidkrêften, dy't foar it meastepart út hierlingen bestie, nei Kartago sjen te krijen. Hy ferparte it leger neffens komôf en stjoerde de groepen ien foar ien werom, tinkende dat se fuortendaliks betelle wurde soene. Mar de Kartaachske oerheid hie njonkelytsen besletten de hierlingen pas te beteljen wannear't se allegear oankommen wiene, om dan mei harren oer in leger betellingsbedrach te ûnderhanneljen. Nei jierren fan kriich wie de skatkiste sa goed as leech. De soldaten wiene der net wiis mei en kamen yn opstân. Gisko waard hjitten werom út Sisylje te kommen en ûnderhannelje mei harren. Gisko wie tige populêr yn it leger en hy wist de ûntefredenens te bedarjen. Om ûnbekende reden sakke de disipline hommels nei ûnderen en guon soldaten wegeren eltse oerienkomst mei Kartago oan te nimmen. Dêrnei bruts der rebûlje út en dyjingen dy't net mei de rebûlje meidiene, waarden ta dea stiennige. Gisko en syn delegaasje waarden finzennommen en de skatkiste, dy't se mei hiene, waard yn beslach nommen. Doe bruts der kriich út tusken de opstannelingen ûnder lieding fan Spendius en Matho, en it Kartaachsk leger ûnder leiding fan Hanno de Grutte en Hamilkar Barka.

Gisko waard foar twa jier lang finzen holden, en yn dy tiid moasten de opstannelingen ferskate kearen belies jaan. Hamilkar Barka behannele de kriichsfinzenen goed en yn 239 f.Kr. joech er harren de kar om yn syn leger te tsjinjen of de frijheid om nei hûs ta te gean. Dêrtroch rûnen der in soad opstannelingen oer nei de kant fan Hamilkar. De leiders fan de opstannelingen hiene noed dat in grut part fan harren leger oerrinne soene en se wiene derfan oertsjûge as se yn de hannen fan Hamilkar komme soene, hja de goede behanneling net krije soene. Om eltse mooglikheid fan goederbêstens fan beide kante fuort te nimmen, liet Spendius Gisko en 700 oare Kartaachske kriichsfinzenen ta dea martelje. Dêrnei waard de kriich in "kriich sûnder genede".

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: