Springe nei ynhâld

Georgia Wettlin Larsen

Ut Wikipedy
Georgia Wettlin Larsen
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
echte namme Georgia Wettlin Larsen
nasjonaliteit Amerikaansk
berne ±1955
berteplak Roswell (Nij-Meksiko)
etnisiteit Assiniboin
Dútsk
Iersk
Ingelsk
wurkpaad
sjenre folksmuzyk
sjongtaal Ingelsk
ferskate Yndiaanske talen
jierren aktyf <1993 – no
offisjele webside
Facebookside fan Georgia Wettlin Larsen

Georgia Wettlin Larsen (Roswell (Nij-Meksiko),[1] ±1955) is in Amerikaansk sjongster fan etnysk Yndiaansk komôf.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Larsen waard omtrint 1955 berne yn Roswell, yn 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko. Hja is in etnysk Assiniboin-Yndiaanse mei dêropta noch wat Dútsk, Iersk en Ingelsk bloed,[2] dy't lid is fan 'e federaal erkende stamme fan 'e Assiniboin en Sû fan it Fort Peck Yndianereservaat fan Montana.[3]

Hja is in sjongster dy't Yndiaanske folksmuzyk makket, en hja hat ferskate lieten útbrocht op kompilaasje-cd's mei oare Yndiaanske sjongsters. Har bekendste nûmer is Ojibwa Square Dance, dat ûnderdiel útmakke fan 'e soundtrack fan 'e ôflevering Learning Curve út it fjirde seizoen fan 'e tillefyzjesearje Northern Exposure. Dy ôflevering waard op 8 febrewaris 1993 foar it earst op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd. Fierders droech Larsen de lieten Lakota Flute Song, Ojibwa Love Charm Song en Ojibwa Love Song by oan 'e kompilaasje-cd Heartbeat: Voices of First Nations Women, út 1995. Har liet Turkey in the Straw makket diel út fan 'e cd Wood That Sings: Indian Fiddle Music of the Americas, út 1997.

Larsen wie fan 2003 oant 2009 artistyk direktrise fan it First Nations Composer Initiative, in gearwurkingsferbân fan Yndiaanske komponisten dat fêstige is yn St. Paul, yn 'e Amerikaanske steat Minnesota. Njonken har muzikale karriêre wie Larsen mei in bachelortitel yn 'e sosjology foarhinne ek aktyf as sosjaal wurker en adviseur op it mêd fan Yndiaanske bern. Larsen is no mei pinsjoen en wennet yn Minneapolis. Se hat trije folwoeksen bern, Maya, Sasha en Bobby, en twa bernsbern, Sia en Nollie.[4]

  • 1995 – Heartbeat: Voices of First Nations Women
    • Lakota Flute Song
    • Ojibwa Love Charm Song
    • Ojibwa Love Song
  • 1997 – Wood That Sings: Indian Fiddle Music of the Americas
    • Turkey in the Straw

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Beheinde biografy op 'e Facebookside fan Georgia Wettlin Larsen
  2. Beheinde biografy op 'e Facebookside fan Georgia Wettlin Larsen
  3. Beheinde biografy op 'e Facebookside fan Georgia Wettlin Larsen
  4. Beheinde biografy op 'e Facebookside fan Georgia Wettlin Larsen

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.