Geertruida Draaisma
Geertruida Draaisma | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Geertruida Draaisma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 25 febrewaris 1902 | |
berteplak | Makkum | |
stoarn | 12 augustus 2011 | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | sjeffin by in hoedesaak | |
reden bekendheid |
Aldste persoan fan Nederlân |
Geertruida (Truus) Draaisma (Makkum, 25 febrewaris 1902 - Ljouwert, 12 augustus 2011) wie fan 10 novimber 2010 oant har ferstjerren, foar safier't bekend wie, de âldste minske fan Nederlân. Frou Draaisma stoar yn de âldens fan 109 jier en 168 dagen.
Sy waard grut yn Makkum, mar wenne en wurke it grutste part fan har libben yn Ljouwert. Dêr wurke sy oant har pinsjoenearring as sjeffin by de hoedesaak fan Dechesne oan de Nijstêd. Nei har pinsjoenearring ferhuze se nei De Haach, dêr't sy by har suster yn gie. Beide krigen in harsenblieding, dêr't har suster oan stoar. Sûnt 1993 wenne sy yn fersoargingshûs De Hofwijck yn Ljouwert.
Nettsjinsteande har âldens wie se noch frijwat fit al gie it hearren en sjen minder. Nei't sy sels sein hat is hja sa âld wurden troch stûf troch te smoken en te drinken.[1] Sy seach geregeldwei telefyzje en kuiere wol yn it park. Op har 108e en 109e jierdei krige sy boargemaster fan Ljouwert Ferd Crone op besite.[2][3]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |