Geert Gratama
Geert Gratama (Ljouwert, *1969) is in grafysk ûntwerper en yllustrator. Hy wennet tsjintwurdich yn Naarden. Krektas syn heit Rients Gratama hâldt hy fan it fertellen en skriuwen fan ferhalen. Der moat dan wol wat humor yn sitte of eat ûnferwachts yn te finen wêze.
Nei de middelbere skoalle folge hy de Keunstakadeemje yn Amsterdam. It wrakseljen om keunst te meitsjen strookte net rjocht mei wat er woe. De taal wie foar him wichtiger as de keunst. Dochs waard syn wurk op eksposysjes wol ferkocht. Hy wurke yn dy tiid ek by Omrop Fryslân en makke tekeningen foar de Fryske skoalletelefyzje.
It skilderjen mei oaljeferve ruile Geert yn foar it meitsjen fan yllustraasjes dat him folle better lei. Hy hat sûnt dy tiid tekeningen makke foar reklame en advertinsjes. Ek teaterdekors en affiches ferskynden fan syn hân. Wurk fan him ferskynde yn de bernebylage fan Vrij Nederland. Yn Fryslân ferskynden syn tekenings yn Frysk en Frij, De Strikel en op de F-side yn de Ljouwerter Krante. Yn 1994 makke hy de yllustraasjes yn it berneboek 'Buorfrou Flap' fan Baukje Wytsma.