Springe nei ynhâld

Gary Benfield

Ut Wikipedy

Gary Benfield, (Birmingham, 6 desimber 1965) is in Britske keunstner. Hy studearre oan it Stourbridge College of Art (1982-1984) en op it Wrexham College of Art (1984-1986). Yn 1986 waard er in freelance yllustrator. Nei syn akademyske tiid begûn er in eigen studio yn Londen en konsintrearre him op it skilderjen. Binnen in pear jier makker er namme yn hiel Europa.

Syn wurk is in spontane ôfbylding fan wat er sjocht en giet op yn linen en kleuren. De figueren ferdwine en ferskine út de eftergrûn wei. Hy skildert fluch en bekroadet him net op perfeksje as it syn gefoel mar werjout.

Syn wurken beslane in diskrete wrâld fan objekten dy't er kombinearret mei figueren, mytology, natoer en stillibbens. Nettsjinsteande dat it ûnderwerp mar in tafallige komposysje liket binne de ûnderwerpen dochs as komposysje by inoar setten yn in ferburgen symmetry. De eftergrûn fan syn wurk is sêft en docht tinken oan wurk fan Leonardo da Vinci syn sketsen en sepia kleuren, meastentiids ûntstien troch in pear halen en kleuren. Syn objekten en figueren lykje te dûnsjen yn in trochgeand ferskinende en ferdwinende fantasijwrâld. Syn wurk wurdt troch in soad minsken samle.

  • 1982 - 1984: Stourbridge College of Art
  • 1985 - 1986: Wrexham College of Art
  • 1986: Joined Artist Partners Group
  • 1986: Wurk tentoansteld op AOI Association
  • 2004: Wurk tentoansteld op Wentworth Gallery, USA
  • 2004: Wurk tentoansteld yn Moskou en Sint Petersburch, Ruslân
  • 2005: Fine Art By Hyatt Show - Toronto, Kanada
  • 2005: Winter Gallery - Moskou, Ruslân