Springe nei ynhâld

Ganges

Ut Wikipedy
Ganges
Ganges yn Varanasi
Ganges yn Varanasi
geografy
lân Banglades Yndia
ûntspringt yn Gangotrigletsjer
lokaasje boarne 30° 50' NB, 79° 10' EL
mûnet út yn Gangesdelta yn de Golf fan Bengalen
lokaasje mûning 22° 42' NB, 89° 40' EL
plakken Kanpur, Allahabad, Varanasi, Patna
sifers
lingte 2510 km
hichte boarne 475 m
hichte mûning 6 m
ôfwetteringsgeb. 975.000 km²
ôffier (mûning) 12.037 m³/s
Ofwetteringsgebiet fan de Ganges

De Ganges is de grutste en meast wichtige rivier fan Yndia en Bangladesj mei in totale lingte fan 2510 km. Hy begjint op de Gangotrigletsjer yn de Yndiaaske steat Uttarakhand, tichteby de grins mei de Sineeske autonome regio Tibet, en mûnet út yn de Golf fan Bengalen.

De delling fan de Ganges is tichtbefolke; likernôch in tredde part fan de Yndiaaske befolking libbet dêr. Guon wichtige stêden dy't aan de haadstream fan de Ganges lizze binne Farrukhabad, Kanpur, Allahabad, Vanarasi, Patna en Chandpur. Oan sydrivieren en ôfspjaltings fan de Ganges lizze ûnder oaren Delhi, Lucknow, Daka en Kalkutta.

Yn it suden is de rivier tige ôfspjalte. Yn de Gangesdelta is in grut tal eilannen, lykas Dakhin Shahbazpur, Hatia, Súd-Hatia en Sandwip. De gânse delta fan de Ganges en de Brahmaputra omfiemet suver gâns Bangladesj.

Religieus belang

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar de hindoes is de Ganges in hillige rivier. Hindoes ferearje de riviergoadinne Ganga, dêr't om de tolve jier in festival fan 55 dagen foar fierd wurdt.[1] Ek bûten it festival om lûke elts jier miljoenen hindoes nei stêden oan de Ganges om harren siel te suverjen troch harren yn de rivier te waskjen. As hindoes komme te ferstjerren, wurde se kremearre. Harren jiske wurdt dêrnei as it kin yn de Ganges smiten.

Natoer en milieu

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De gaviaal en de gangesdolfyn komme yn de rivier foar.

De Ganges is ien fan de meast fersmoarge rivieren yn 'e wrâld. Yn 2011 stelde de Wrâldbank 1 miljard dollar ta beskikking foar it skjinmeitsjen fan de Ganges.[2] De fersmoarging wurdt feroarsake troch húskeguod, fan minskilik komôf en gemysk guod. Troch it op in soad plakken ûntbrekken fan rioel komt de trochgong fan de bewenners om de rivier hinne gauris streekrjocht yn de rivier telâne. Tagelyk wurdt it rivierwetter brûkt om te itensieden en om yn te badzjen, itjinge foar ûnbidich grutte sûnenssrisiko's soarget.[3]

Ein maart 2017 joech it heechgerjochtshôf fan de Yndiaaske dielsteat Uttarakhand rjochtspersoanlikheid oan twa rivieren, de Ganges en de Yamuna. Yn de praktyk wurdt it hanthavenjen lykwols yn hannen lein fan deselde oerheid dy't it riviermilieu niet behoedzje koe.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Het grootste rituele bad op aarde NRC, 18 jannewaris 2013. argivearre op 7 april 2022.
  2. (in) World Bank Support to Ganga River Basin Authority, Wrâldbank, 31 maaie 2011. argivearre op 4 novimber 2013.
  3. (in) Chaudhary, M. Walker, T.R. River Ganga pollution: Causes and failed management plans yn Environment International oplage 126, siden 202–206 maaie 2019 PubMed 30802637, DOI j.envint.2019.02.033
  4. (in) [1] Now rivers have the same legal status as people, we must uphold their rights The Guardian 21 april 2017, oproppen op 1 oktober 2019 argivearre [2] op 10 juny 2019
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ganges River fan Wikimedia Commons.