Jarre

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Húskeguod)
Jump to navigation Jump to search
In jarrefet op in boerewein

Jarre of húskeguod is in mingsel fan dong of trochgong en urine fan bisten en minsken. De jarre fan bisten bestiet benammen út urine (of miich) en dong, en dy fan minsken bestiet út urine, trochgong en wetter. Doe't der eartiids noch gjin rioel wie, waard jarre fan minsklik komôf opfongen yn húskegatten. De jarre fan bisten waard opfongen yn jarreputten of -kelders en waard letter ferspraat oer it lân. Dêrby ûntstie in geur fan ammoniak.

Yn jarre sit benammen kalium en stikstof yn de foarm fan ureum en ammoniak. De gehalten hingje ôf fan it fuorjen of fiedzjen.

Op nijmoadrige buorkerijen wurdt ôffierwetter fan molkputten en molkreauwen oppfongen mei de jarre yn jarreputten. Dêrtroch ûntstiet dongjarre. Dongjarre komt in soad oerien mei jarre.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]