Gamma Ray

Ut Wikipedy
Gamma Ray
band
Gamma Ray yn 2016
Gamma Ray yn 2016
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Dútsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Metal
bestean 1989 – No
label(s) Noise,
Metal-Is,
Mayan,
Steamhammer,
earMUSIC
âld-leden Uwe Wessel bas (1989-1992)
Mathias Burchardt drums (1989-1990)
Ralf Scheepers sang (1989-1994)
Uli Kusch drums (1990-1992)
Jan Rubach bas (1992-1997)
Thomas Nack drums (1992-1996)
Dan Zimmermann drums (1997-2012)
leden
Sang Frank Beck
Gitaar Kai Hansen
Gitaar & Toetsen Henjo Richter
Bas Dirk Schlächter
Drums Michael Ehré
Net te betiizjen mei Gamma ray it Ingelske wurd foar Gammastrieling.

Gamma Ray is in Dútske powermetalband oprjochte yn 1989 yn Hamburch troch gitarist Kai Hansen, earder fan Helloween, en sjonger Ralf Scheepers, earder fan Tyran Pace. De band brocht yn 1990 syn debútalbum Heading for Tomorrow út. De teksten fan de band gean benammen oer science fiction, fantasy, polityk en religy. Gamma Ray hat alve studio-albums en sân live-albums útbrocht.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1988 ferliet Kai Hansen de band Helloween fanwegen konflikten binnen de band en mei de platemaatskippij. Hy die earst wat studiowurk mei in oare Dútske band, Blind Guardian. Dêrnei rjochte hy him tegearre mei Ralf Scheepers fan de band Tyran Pace op in twamansprojekt. Mei it tafoegjen fan bassist Uwe Wessel en drummer Mathias Burchard groeide it projekt út ta Gamma Ray. It lûd fan de band like in soad op dat fan Helloween, ek net sa frjemd om't Kai Hansen dêr ien fan de wichtige skriuwers wie.

Yn febrewaris 1990 waard it album "Heading for Tomorrow" útbrocht, letter yn it jier folge troch de "Heaven can wait" ep. Op dizze ep wie de band útwreide mei de gitarist Dirk Schlächter; drummer Mathias Burchard wie nei it earste album ferfongen troch Uli Kusch de eardere drummer fan Holy Moses. Yn 1991 kaam it twadde folweardige album, "Sigh no more" út. Op it tredde album, útbrocht yn 1993, waarden de bassist en drummer ferfongen troch respektyflik Jan Rubach en drummer Thomas Nack beide fan Anesthesia.

Dêrnei ûndergie de band wer in feroaring yn de besetting. Sjonger Ralf Scheepers wenne op sa'n grutte ôfstân fan de oare bandleden dat der allinnich yn wykein repetearre wurde koe. Dêrby kaam dat Scheepers audysje dien hie by Judas Priest. Yn goed oerlis mei Hansen ferliet Scheepers de band en Hansen naam de sang oer.

Yn 1996 beslueten Hansen en Dirk Schlächter dat bassist Jan Rubach en drummer Thomas Nack de band ferlitte moasten. Dan Zimmerman waard oanlutsen as nije drummer wylst Schlächter syn gitaar ferwiksele foar de bas. Foar de posysje fan twadde gitarist waard Henjo Richter oanlutsen.

Yn 2012 waard drummer Dan Zimmerman ferfongen troch Michael Ehré. Yn april 2013 hintte Kai Hansen op in nij album. Nettsjinsteande it ôfbaarnen fan de studio waard it album "Empire of the Undead" yn maart 2014 útbrocht.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Studio-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label Singles
Heading for Tomorrow 26 febrewaris 1990 Noise Heading for Tomorrow,
Heaven Can Wait,
Space Eater
Sigh No More 21 septimber 1991 Sigh No More,
One with the World
Insanity and Genius 28 juny 1993 Future Madhouse
Land of the Free 29 maaie 1995 Land of the Free,
Rebellion in Dreamland
Somewhere Out in Space 25 augustus 1997 Valley of the Kings
Power Plant 23 maart 1999
No World Order! 10 septimber 2001 Metal-Is Heaven or Hell
Majestic 11 oktober 2005 Mayan
Land of the Free II 19 novimber 2007 Steamhammer
To the Metal! 29 jannewaris 2010 earMUSIC To the Metal!
Empire of the Undead 28 maart 2014 Hellbent,
Demonseed,
Avalon,
Time for Deliverance,
Pale Rider,
I Will Return

Live-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Label
Alive '95 28 maaie 1996 Noise
Skeletons in the Closet 25 augustus 2003 Metal-Is
Hell Yeah!!! The Awesome Foursome -
Live in Montreal
24 oktober 2008 Steamhammer
Skeletons & Majesties Live 30 novimber 2012 earMUSIC
Heading for the East 25 septimber 2015
Lust for Live 6 maaie 2016
30 Years Live Anniversary 10 septimber 2021

Kompilaasje-albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op
The Karaoke Album 27 septimber 1997
Blast from the Past 20 juny 2000
Heading for Tomorrow / Sigh No More 2010
Insanity and Genius / Land of the Free 2010
Majestic / Land of the Free II 2010
Alright! 20 Years of Universe 22 septimber 2010
The Best Of 30 jannewaris 2015

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: