Galileërtsjerke
Appearance
Gallieërtsjerke | ||
bouwurk | ||
De tsjerke yn 1940 | ||
lokaasje | ||
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
plak | Ljouwert | |
adres | Twibaksmerk | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke, eardere kleasterkapel | |
boujier | 15e iuw | |
sloopjier | 1940 |
De Galileërtsjerke is in earder tsjerkegebou yn Ljouwert yn de Nederlânske provinsje Fryslân.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It kleaster Galilea fan de fransiskanen (minderbruorren) ferhuze yn 1498 nei de Twibaksmerk (efterkant oan de Galileër Tsjerkestrjitte). Monumintale gebouwen wiene it Kapittelhûs (sloopt yn 1849) en de kapel.[1] De kapel waard yn 1580 in herfoarme tsjerke. De Galileërtsjerke waard yn 1940 sloopt.
Dielen fan it ynterieur waarden oerbrocht nei oare tsjerken. De preekstoel bedarre yn de Hobbe fan Baerdt Tsjerke (De Jouwer), it Van Dam-oargel yn de Grote Kerk (Toalen) en in stikmannich grêfsarken lizze yn de Meinardstsjerke (Minnertsgea). It Frysk Museum krige in stikmannich boufragminten.
-
Ynterieur ûnder de sloop (1940)
-
Beskildere pylder
(Frysk Museum)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noat |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Galileërkerk, Leeuwarden fan Wikimedia Commons. |